Waarpraatsje: Ritich mar myld

maart 28, 2024 17:26

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Wy hiene tongersdei fan alles wat. In berûne loft, in skoft wat rein en letter ek noch sinne. It waar bliuwt foarearst hinne en wer gean. Kreas maitiidswaar sit der noch net yn.

Tongersdeitenacht is it earst drûch, mar letter set it wer op in reinen. De sudewyn is swak oant matich, mar by de kust lâns krêftich. It wurdt 7 graden.

Freed reint it earst, mar geandewei komt de sinne der ek by. Der kin dan noch wol in bui falle. De wyn komt út it suden en is matich, mar by de noardlike kust lâns earst noch krêftich. It wurdt op de measte plakken 12 graden.

Yn it wykein sil it noch wat waarmer wurde.

Jan Brinksma

maart 28, 2024 17:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.