Waarpraatsje: Ritich

maart 27, 2024 19:35

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in pear rêstige dagen krije wy no wer in rite wêryn in waar bot hinne en wer giet, mar it wurdt wol mylder.

Woansdeitenacht bliuwt it drûch. Der stiet earst net in soad wyn, mar dy boazet geandewei de nacht oan en wurdt dan matich út it súdeasten. By de kust lâns stiet de hiele nacht in matige súdeastewyn. It wurdt 6 graden.

Yn ‘e rin fan tongersdeitemoarn set it op in reinen, mar yn ‘e middei komt de sinne der ek by en kinne der in pear buien falle. Yn ‘e moarntiid komt de wyn út it súdeasten en is matich, mar yn ‘e rin fan ‘e moarn rommet de wyn nei it súdwesten en sil by de kust lâns krêftich wurde. Middeis is de súdwestewyn boppe it fêstelân frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. It wurdt in graad of 11.

Freed en sneon feroaret der net in soad oan it waar.

Jan Brinksma

maart 27, 2024 19:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.