Waarpraatsje: Mylde Peaske
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It sil dit jier mei de Peaskedagen myld mar ek ritich wêze.
Sneon soe it yn ‘e moarntiid sa út en troch wat reine kinne en yn ‘e middei is der kâns op in bui, miskien wol mei tonger. Tuskentroch sille wy de sinne ek noch wol sjen. De swakke oant matige súdeastewyn giet middeis nei it súdwesten en boazet wat oan. De temperatuer leit om de 13 graden hinne.
Earste Peaskedei feroaret der net in hiel soad oan it waar. It bliuwt wer net hielendal drûch en by in matige eastewyn is it in graad as 12.
Moandei (Twadde Peaskedei) liket in skiere en wiete dei te wurden. It sil, nei alle gedachten, in skoft reine en de súdwestewyn is matich. It wurdt 11 graden.
Noflike Peaskedagen!
Jan Brinksma






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje