Unike filmbylden fan Evert van Benthem yn Alvestêdetocht 1986 opdûkt

maart 3, 2024 08:14

It Frysk Film- en Audioargyf hat bysûndere filmbylden fan de Alvestêdetocht fan 1986 krigen. Filmmakker Sander Nieuwhof fan Sint-Anne makke bylden fan de kopgroep op ’e smelle Súdhoeksterfeart, tusken Sint-Anne en Buertstermûne. Hy lei dêr it earste ûntkommen fan de lettere winner Evert van Benthem fêst.

Byld: Sander Nieuwhof

De bylden binne út in auto mei sjauffeur Joop Bijlsma wei filme dêr’t Nieuwhof en syn maat Oene Krist mei oer de Súdhoekstermiddelwei rieden; op it koarte stik dêr’t dat dykje by de feart lâns rint. De motor mei sydspan fan de NOS wie te heech om ûnder de lege brêgen troch te riden, sadat se de útflecht allinnich út de loft wei filmen. No is it ûntkommen foar it earst fan tichteby filme te sjen.

Byld: Sander Nieuwhof

By de Alvestêdetocht fan 1986 makke in kameraploech út It Bilt (no ûnderdiel fan de gemeente Waadhoeke) ûnder lieding fan Nieuwhof en Krist in reportaazje fan de tocht troch harren gemeente. De opname op it stikje Súdhoekstermiddelwei hiene se ta yn detail taret. Hja wisten dat de NOS dêr net filmje kinne soe en dat sy dêrom unike opnamen fan de wedstriid meitsje koene. Dat Evert van Benthem krekt foar Nieuwshofs lins syn demarraazje ynsette soe, wie kleare filmersgelok. Op ’e bylden sjocht men in bearesterke Van Benthem, dy’t maklik weisprint. Syn seis efterfolgers lykje kânsleas. Van Benthem soe dêr letter oer sizze dat er fûn dat de faasje te leech wie en dat er hurder gie om’t er bang wie dat de efterfolgjende ploech him ynhelje soe.

Byld: Sander Nieuwhof

It grutte gat dat Van Benthem yn koarte tiid mei syn efterfolgers slacht, wurdt sichtber as twadde kameraman S. Tijsma fan de brêge by Buertstermûne ôf filmet hoe’t Van Benthem yn ’e fierte opkomt. Syn efterfolgers binne yn gjin filden of wegen te sjen. Hy hat in gat fan in minút slein, mar fan syn oerwinning is noch gjin sprake. Op it strieminne iis fan de Dokkumer Ie rint syn foarsprong tebek en lit er him nei de seis efterfolgers weromsakje. As Rein Jonker dêrnei fuortsprint, giet Van Benthem mei. De beslissing falt úteinlik flak foar Aldtsjerk, sân kilometer foar de einstreek. Dêr ferhastiget Van Benthem him en kin Jonker him net langer folgje.

Byld: Sander Nieuwhof

Van Benthems ûntkommen op ’e Súdhoeksterfeart is dus net de beslissing. Mar de bylden fan Nieuwhof litte wol sjen hoefolle sterker oft Van Benthem is neffens de rest. Yn It Bilt, ‘de hel fan it noarden’, dielt er in mokerslach út en leit er de basis foar syn lettere oerwinning. Nieuwhof en syn filmploech folgen net inkeld de wedstriidriders. Harren film oer de Alvesêdetocht fan 1986 is in folle langere ympresje fan de tocht troch It Bilt, mei ynbegryp fan de toerriders. It is in sfearfolle film mei in protte lokale sfearbylden. De film einiget by de eardere gemeentegrins fan It Bilt by Aldebiltsyl, mei op ’e eftergrûn de draaiende wjukken fan Buertstermûne.

Besjoch it fragmint fan de útflecht:

Besjoch de folsleine film fan de Biltske filmploech:

maart 3, 2024 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.