Undersyk nei effekten fan ielfiskjen mei hoekwant op fûgels

maart 26, 2024 08:16 Fernijd

Yn it Iselmargebiet wurdt op ferskate wizen op iel fiske. In metoade is it fiskjen mei hoekwant. Om de effekten fan dy metoade op fûgels yn kaart te bringen, dogge de provinsjes om de Iselmar hinne (Fryslân, Gelderlând, Flevolân, Noard-Hollân, Utert en Oerisel) dit jier in ûndersyk. De fiskerijsektor, natuerorganisaasjes, Rykswettersteat en it Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit wurkje mei oan it ûndersyk. It ûndersyk duorret ien fiskseizoen: fan april oant septimber 2024.

Foto: Provinsje Fryslân

Der binne ferskate foarmen fan ielfiskerij. Ien dêrfan is fiskje mei hoekwant. Dêrby leit de fisker in lange line yn it wetter. Oan dy line sitte wer koartere linen mei heakken fêst, dêr’t aas oan sit. Sadree’t der fisk oan de heakken sit, lûkt dat fûgels oan lykas de beskerme ielgoes en wytstirns. De fûgels kinne fêst komme te sitten yn de linen of har ferwûnje oan de heakken en úteinlik stjerre.

It ûndersyk is nedich om te besjen yn hoefier’t der troch dizze foarm fan ielfiskjen slachtoffers ûnder de fûgels falle. Dat is wichtich om te witten, omdat der genôch fûgels fan in bepaalde soarte wêze moatte om in sûne populaasje yn Nederlân te behâlden.

Natura 2000-behearplan
Oanlieding foar dit ûndersyk is it ferlingjen mei seis jier fan it Natura 2000-behearplan foar it Iselmargebiet. Yn dat behearplan is in tal frijstellingen opnommen foar aktiviteiten op en om de Iselmar hinne. Foar ferskate foarmen fan fiskerij is dat ek it gefal. Dat betsjut dat foar dy aktiviteiten gjin fergunning oanfrege hoecht te wurden.

Om de frijstellingen ferlingje te kinnen, moat foarôf útsletten wurde dat der signifikant negative effekten binne op beskerme Natura 2000-soarten lykas de ielgoes en wytstirns. Foar ielfiskjen mei hoekwant is dat op dit stuit net út te sluten. Dêrom kin de frijstelling net ferlinge wurde. Foar de oare foarmen fan ielfiskerij is dat wol út te sluten. Dêrfoar bliuwe de frijstellingen jildich.

maart 26, 2024 08:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.