Undersyk: Dit kostet in brulloft yn Fryslân

maart 6, 2024 08:11 Fernijd

In brulloft mei alles derop en deroan koste ferline jier yn Fryslân yn trochsneed € 19.169. In flinke ynvestearring, al lizze dy troukosten in stik leger as op oare plakken yn Nederlân. Neffens de lanlike trochsneed skeelt it sels € 2.370. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan ThePerfectWedding.nl nei it boaskseizoen fan 2023.

Op oare plakken yn it lân kostet in wiidweidige brulloft yn trochsneed € 21.539. Yn Fryslân wiene pearen yn 2023 dus – relatyf – goedkeap út. De prizichste provinsje om yn te boaskjen is Utert. In brulloft kostet dêr sels yn trochsneed € 23.206. Gelderlân is ek gjin foardielige provinsje om inoar it jawurd te jaan (€ 22.417).

Troulokaasje en iten/drinken grutste kosteposten
Fryske pearen binne foar harren brulloft oer it generaal it measte jild kwyt oan de troulokaasje, itensfersoarging en in brulloftplanner. De fiif grutste kosteposten wiene yn 2023 sa:

  • Troulokaasje: yn trochsneed € 4.338
  • Itensfersoarging: yn trochsneed € 2.764
  • Brulloftplanner: yn trochsneed € 1.519
  • Troujurk: yn trochsneed € 1.474
  • Fotograaf: yn trochsneed € 1.439

Sarah Glasbergen fan ThePerfectWedding.nl seit dêroer: “Dy bedraggen binne basearre op faktuergegevens dy’t pearen yn ús budzjetprogramma ynfolje. It binne echte bedraggen, mar it giet fansels wol om trochsneden. Uteinlik bepaalt men sels hoe’t men jins brulloft ynrjochtet.”

Troubudzjet net tarikkend
Fryske pearen betellen yn 2023 yn trochsneed € 19.169 foar in wiidweidige brulloft. Dy kosten lizze hast € 2.900 heger as it earder fêststelde troubudzjet. Benammen foar de troulokaasje (+ € 627) en de brulloftplanner (€ 559) falle kosten heger ús as tocht.

It hiele ûndersyk is hjir te finen.

maart 6, 2024 08:11 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.