Toeristebelesting yn Fryslân mei 4% omheechgien

maart 4, 2024 08:16 Fernijd

Toeristen dy’t yn in hotel oernachtsje, betelje dit jier yn Fryslân yn trochsneed € 1,98 toeristebelesting de persoan de nacht. Dat bedrach leit 4% heger as yn 2023. Der binne grutte lokale ferskillen: yn guon Fryske gemeenten naam dat bedrach folle sterker ta. Sa betelje se yn Harns no hast 30% mear toeristebelesting as ferline jier. Dat en mear docht bliken út it jierliks ûndersyk nei toeristebelesting fan Bungalowparkoverzicht.nl.

Foto: Unsplash

Grutste tanimming yn Harns
Yn njoggen fan de achttjin Fryske gemeenten waard de toeristebelesting yn 2024 heger. Benammen foar in hoteloernachting yn Harns betelje toeristen mear as in jier earder: it taryf leit no op € 1,55 de persoan de nacht, wylst dat ferline jier noch € 1,20 wie.

Op It Amelân en Skylge is it oernachtingstaryf dit jier ek heger as yn 2023. De top fiif fan Fryske gemeenten mei it meast tanommen taryf is sa:

  • Harns: +29,2%
  • It Amelân: +11,1%
  • Eaststellingwerf: +10%
  • Skylge: +9,4%
  • Flylân: +4,3%

Weststellingwerf wer djoerste Fryske gemeente
Yn trochsneed betellet men yn Fryslân € 1,98 de persoan de nacht oan toeristebelesting. Dat is leger as de lanlike trochsneed fan € 2,34, mar der binne grutte ferskillen de gemeente. Weststellingwerf spant krekt as ferline jier de kroan mei in toeristebelesting fan € 5,36. Yn Opsterlân is men as toerist relatyf ek in protte jild kwyt by in nachtsje fuort. De top fiif fan djoerste Fryske gemeenten is sa:

  1. Weststellingwerf: € 5,36
  2. Opsterlân: € 3,35
  3. It Hearrenfean: € 2,40
  4. Flylân: € 2,20
  5. Skylge: € 2,10

Yn ien Fryske gemeente hoecht men foarearst gjin toeristebelesting te beteljen: Waadhoeke.

De hichte fan de toeristebelesting yn alle gemeenten yn Nederlân is op de ûndersyksside te besjen.

maart 4, 2024 08:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.