Tiidreizgje nei it libben yn doarpen en stêden yn 1500-1850

maart 10, 2024 08:18

Tiidreizgje nei it libben yn doarpen en stêden yn Nederlân en Flaanderen tusken 1500 en 1850. Dat is no mooglik, want der binne 207 kronykteksten op kronieken.transkribus.eu set. De hânskriften binne digitaal ynlêzen en fia transkripsjes en tekstwerkenning yntegraal troch te sykjen en foar elkenien tagonklik makke.

Boarne: Tresoar

Kinne kronykskriuwers ús op fergetten mominten yn de skiednis wize?
Oarloggen, stedsbrannen en epidemyen. In kronyk is in deiboek dêr’t de auteur yn beskriuwt wat er belangryk fynt. Net it libben fan auteur stiet sintraal, mar de mienskip of it plak dêr’t er libbet en de skiednis dêrfan. Dêrom binne kroniken ek oantreklik om te lêzen foar leafhawwers fan lokale skiednis.

Tresoar hat foar it nasjonale digitalisearringprojekt Chronicling Novelty in protte Fryske kroniken levere en finansjeel bydroegen om in stikmannich dêrfan digitalisearje te kinnen. Sjoch hjir hokker Fryske kroniken oft der digitaal troch te sykjen binne.

Mear ynformaasje is te lêzen op: chronicling-novelty.com.

maart 10, 2024 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.