Sjirk Eildert Bruinsma (24) nije foarsitter Ried fan de Fryske Beweging

maart 16, 2024 06:00

De Ried fan de Fryske Beweging, dy’t him ynset foar de Fryske taal en kultuer, kriget in nije foarsitter. De 24-jierrige Sjirk Eildert Bruinsma út Drachten nimt it roer fan de organisaasje oer en wol in nije, positive koers farre.

Sjirk Eildert Bruinsma (eigen foto)

Mei in nije koers hopet Bruinsma de Fryske beweging nij libben yn te blazen. “Us taal is ús rykdom. Dat moatte jo trochjaan oan nije generaasjes. Der moat mear ferjonging en fernijing komme om der beweging yn te hâlden”, neffens Bruinsma. Dêr heart ek in oar ferhaal by. “Der binne safolle prachtige inisjativen foar it Frysk dy’t ús op ’e lange termyn fierder helpe as Friezen. Sjoch nei mbû-skoalle Firda, dy’t it Frysk in better plak yn syn ûnderwiis jaan wol, of de ynset fan frijwilligers op websiden lykas It Nijs. Dêr mei it faker oer gean, net allinne mei it fingerke wize as der wat mis giet.” De Ried fan de Fryske Beweging hat foarich jier mei in karbriefwiziging al de earste stappen set nei in koerswiziging en sil dêr ynkoarten mear oer bekend meitsje.

Polityk netwurk
Sjirk Eildert Bruinsma wurket by D66 Fryslân as beliedsmeiwurker en stie op it twadde plak by de ôfrûne provinsjale ferkiezingen. Yn de ôfrûne jierren luts hy op mei Steateleden en Twadde Keamerleden om debatten te organisearjen oer de Fryske taal. De gearwurking levere in rekôr Frysk praten yn de Keamer en tsien oannommen Keamermoasjes op. “Dat hat al in soad opsmiten, mar wy binne der fansels noch net. It is moai om dy ûnderfining en it netwurk mei te nimmen yn dizze nije, wat minder politike rol”, seit Bruinsma. Dat er polityk aktyf is sjocht er net as in probleem. “Ik ha it dêr mei in soad minsken oer hân. Fansels moatte jo oppasse dat it ien net troch it oar rint, mar it kin inoar ek grif fersterkje.”

Mei de brijleppel ynjûn
In passy foar de Fryske taal krige de Drachtster mei de brijleppel ynjûn. Syn heit wie gemeentedichter yn Smellingerlân en pake Klaas Bruinsma makke oersettingen fan histoaryske literatuer. Bruinsma wurdt der faak op oansprutsen. “In soad minsken yn it Fryske wrâldsje koene ús pake wol. Wêr’t hy in soad dwaande wie mei it ferline, fokusje ik my op de takomst. Ik ha goede hoop foar de takomst fan it Frysk!”

maart 16, 2024 06:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Fridunanth maart 16, 18:24

    In globalistyske en sintralistyske d66’er as stiper fan Fryslân en it Frysk?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.