Rus, Belarus en Amerikaan wurkje gear yn romtestasjon ISS

maart 27, 2024 08:19 Fernijd

In Russyske, Belarussyske en Amerikaanske astronaut binne moandei oankommen by romtestasjon ISS. It trijetal reizge mei-inoar op yn in Sojoez-romtereau, dat sneon lansearre wie.

ISS (boarne: NASA)

Sojoez-raket (foto: Wikipedia/NASA – publyk domein)

It is in opfallende ûndernimming, want op frijwol gjin inkeld ûnderwerp wurkje Europeanen of Amerikanen noch mei de Russen gear. By ferskate romtefeartprogramma’s is de gearwurking mei de Russen ek stopset. Mar by ISS moatte de ferskillende lannen wol mienskiplik oplûke, sei Philippe Schoonejans, projektmanager by European Space Agency (ESA) tsjin de NOS. “It ISS hat in Amerikaansk part, Russysk part, Japansk part en in Europeesk part. Benammen dy Russyske en Amerikaanske dielen kin men net útinoar helje, want se jouwe inoar stroom, en se soargje derfoar dat it ISS de goede kant op rjochte stiet.”

Op wei nei it romtestasjon kieze de ferskillende lannen der noch hieltyd foar om mei itselde reau te reizgjen. En it is wichtich dat dat mooglik bliuwt, seit Schoonejans. De Russyske Sojoez en de Amerikaanske SpaceX Dragon binne inoars efterfang, leit er út. Sawol de Russen as de Amerikanen wolle neffens him net yn ’e situaasje bedarje dat se net mear nei it romtestasjon ta kinne. “Stel dat him in probleem mei de Sojoez of SpaceX Dragon foardocht, dan moatte se earst útsykje wat der oan ’e hân is. Dat kin wol in jiermannich duorje.” De flechtliedingsintra yn Houston en Moskou kinne inoar neffens Schoonejans noch hieltyd opfange.

By mienskiplike operaasjes is de Russyske ynfal yn Oekraïne gjin ûnderwerp fan petear, seit de ESA-projektlieder. De astronauten hawwe it neffens him foaral oer de ynhâld fan it wurk. “Se sitte fansels in skoft yn dat tastel, en dat giet goed. Faak kenne se inoar út it ferline, hawwe mei-inoar traind, en kinne freonen wêze.”

Hoewol’t de gearwurking foar in part twongen is, is dy der neffens Schoonejans ek ien om te koesterjen. “Wy wurkje fansels op gjin inkeld oar punt noch gear”, seit er. “Ruslân is dochs it grutste lân op ’e wrâld. As dêr ea in feroaring fan rezjym is, en wy wolle de gearwurking wer útbouwe, dan hawwe wy gelokkich ien ûnderwerp dêr’t noch gearwurking op mooglik is.”

maart 27, 2024 08:19 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.