Ried: Doelen út Taalplan Frysk 2030 net te heljen

maart 12, 2024 12:33

De Ried fan de Fryske Beweging is fan miening dat de oerheid it brûken fan it Frysk yn bernedeiferbliuwen en pjutteboartersplakken te min stimulearret. De Ried wol dat de Wet Kinderopvang oanpast wurdt om dat te ferbetterjen. Dat is te lêzen yn in wiidweidige refleksje fan de Ried op de reaksje fan it Ryk op it 7e evaluaasjerapport fan de Kommisje fan Saakkundigen foar Minderheidstalen fan de Ried fan Europa.

De Ried hat noed oer it tempo fan it Taalplan Frysk 2030. It taalplan stelt dat yn 2030 alle skoallen foldogge oan de ûnderwiiseasken foar it Frysk. Ut sifers fan de provinsje Fryslân docht bliken dat soks net te heljen is. Benammen yn it primêr ûnderwiis giet it op ’e kop ferkeard. Dat komt neffens de Ried troch it systeem fan ûntheffingen. Mooglik dat de nije bestjoersôfspraken foar de Fryske taal en kultuer dy feroaring ynsette, mar in soad fertrouwen hat de Ried dêr blykber net yn. De ôfstimming fan de oerheid mei it fjild hie better kind en der is noch in lange wei te gean, is de konklúzje fan de Ried.

It Komitee fan Saakkundigen trunet der yn syn evaluaasjerapport by it Ryk op oan om mear aksje te ûndernimmen om it Frysk better te beskermjen. It Komitee hie de Ried fan de Fryske Beweging frege om te reagearjen op de reaksje fan de Nederlânske autoriteiten op it rapport.

Taheakke: De Nederlânske reaksje op it rapport en de refleksje dêrop fan de Ried fan de Fryske Beweging.

maart 12, 2024 12:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.