Reizgers posityf oer bus- en treinferfier yn Fryslân

maart 31, 2024 08:17

Reizgers yn Fryslân wurdearren it regionale bus- en treinferfier yn 2023 mei in 7,8. Dat is in tsiende heger as yn 2022, sa docht bliken út de resultaten fan de OV-Klantenbarometer. Dat ûndersyk hifket op ferskate ûnderwerpen wat reizgers fan it iepenbier ferfier fine. Mei it trochsneed fan in 7,8 slút Fryslân oan by it lanlik gemiddelde.

Busstasjon Ljouwert (foto: Provinsje Fryslân)

De heechste wurdearring foar it Fryske busferfier yn 2023 is op de Fryske Waadeilannen: in 8,7 (8,6 yn 2022). By it busferfier yn Ljouwert Stêd gie de wurdearring it measte omheech yn ferliking mei 2022. Ljouwert Stêd is fan in 7,2 yn 2022 nei in 7,5 yn 2023 gien. Foar it streekferfier is it gemiddelde gelyk bleaun mei in 7,9. Lanlik beoardielje reizgers it regionale busferfier mei in 7,9. It treinferfier yn Fryslân kriget in 7,8 (7,7 yn 2022). Dat is in tsiende heger as de lanlike trochsneed.

De ûnderwerpen dy’t de heechste skoare krije (boppe 8) binne it gemak fan it ynstappen, it finen fan in sitplak, it gemak fan it beteljen en de feiligens fan de rit. De klantfreonlikens fan it personiel kriget sifers tusken de 8,1 en 9,2. Tema’s dy’t in legere wurdearring (ûnder 7) krije binne ynformaasje by fertragingen, frekwinsje (bus), it belibjen fan hoe drok oft it is (bus Ljouwert en regionaal trein) en priis.

“Wy binne tige wiis mei de sifers dy’t wy foar it Frysk iepenbier ferfier krigen hawwe. Mei in tsiende heger as ferline jier meie wy grutsk wêze. Dêrfoar jouwe wy de kompliminten oan ús ferfierder Arriva”, seit deputearre De Vries.

Bysûnderheden 2023
Yn 2023 diene har in stikmannich fersteuringen yn it Fryske iepenbier foar ferfier lykas stakingen en syktefersom. Troch de ynset fan Arriva op it oanlûken en oplieden fan nij personiel is it syktefersom yn de rin fan it jier tebekbrocht ta in normaal nivo. Ek is yn 2023 OV-pay ynfierd. Reizgers kinne no yn- en útchecke mei in betelpas, creditcard of mobile telefoan. Foar net-frekwinte reizgers is it dêrmei makliker wurden om ynsidinteel foar it iepenbier ferfier te kiezen.

Eftergrûn OV-Klantebarometer
De OV-Klantebarometer hifket op ferskate ûnderwerpen it iepenbier ferfier, lykas belibbing, komfort, gemak, faasje en feiligens. Dat ûndersyk is fan 2001 ôf alle jierren (útsein koroanajier 2020) holden. Maart is altyd de moanne dêr’t de resultaten yn presintearre wurde. Sjoch foar mear ynformaasje oer de resultaten op: www.ovklantenbarometer.nl.

maart 31, 2024 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.