Pier Bergsma: Lêze mei sûn ferstân

maart 7, 2024 08:00

Skôging

De Bibel is literatuer en bedoeld om belangen te ferdigenjen. Benammen de belangen fan manlju. Dat begjint al mei it skeppingsferhaal, dat yn sawol yn de Tora as yn de Bibel foarkomt.

Boarne: Geschiedenis der Godsopenbaring (útj. Kok Kampen 1939)

Yn de earste ôflevering fan dizze searje wie dit de kearn:  “Wy sjogge oars nei de ferhalen as eartiids. Taal ferwiist nei konkrete dingen, mar taal ferwiist ek nei dingen dy’t net oan te wizen binne: leafde, freonskip. Minsken libje mei en by ferhalen. Religieuze ferhalen hiene en hawwe in wichtige funksje foar groepsfoarming, identiteit en dissiplinearring. De minske is nei alle gedachten it iennichste sûchdier dat dingen betinke kin dy’t net ta de taastbere realiteit hearre: kabouters, feeën en God, foegje ik ta. De minske is in taaldier.”

Taal docht derta. Mar de taal fan it ferline foldocht al lang net mear. Troch de tiid hinne is wat langer wat dúdliker wurden dat de Bibelske taal op in wichtich mêd fan man-frouferhâldingen letterlik út ’e tiid is.

De manlju hearskje oer de froulju 

Eva is makke fan in ribbe fan Adam: ‘Ik sil in help foar him meitsje dy’t by him past.’ Troch Eva wurdt de minske út it paradys ferjage en komt er telâne yn in ûnfolsleine, yn in skeinde wrâld. Yn ‘e brieven fan Paulus, yn it Nije Testamint, wurdt froulju advisearre om nei har man te harkjen. Titus 2 fers 5, se soe wêze moatte: ‘… earber, hoeden, goed foar de húshâlding, freonlik en foar har eigen man oer har plak te witen.’ De jongfammesteat fan froulju wurdt heech wurdearre, sjoch de ferearing fan Marije. It binne foarbylden fan de problematyske opfettingen dy’t de Bibel hat mei froulju en seksualiteit.

Ik kom werom op dat boek dat ik foar in pear sinten kocht, de Geschiedenis der Godsopenbaring. Dat boek waard yn 1939 útjûn troch de firma Kok yn Kampen. Bakker en Bavinck, beide promovearre teologen, fertelle de Bibel yn harren eigen wurden nei. Se lizze út en nimme foto’s op fan it gebiet ‘dêr’t him de skiednis ôfspile’. Foar yn it boek is in swart-wyt foto opnommen fan ’e ‘Dsjebel Musa, in grut graniten massyf, wierskynlik de berch fan wetjouwing.’ Alles wurdt presintearre as wier bard en der steane yllustraasjes yn lykas in tekening fan de ‘tabernakel’, de tinte dêr’t it folk fan Israel fjirtich jier mei troch de woestyn reizge om de Heare te tsjinjen, en der is in kaart opnommen fan de reis dy’t de Israeliten makken fan Egypte nei ‘Het beloofde land’.

Op side 88 kinne se der net mear om hinne: ‘Is het verhaal van Genesis 1 niet in strijd met wat de natuurwetenschap ons leert?’, freegje se harren ôf. Se komme ta dizze konklúzje: ‘Wij kunnen in het algemeen zeggen, dat de feiten der natuurwetenschap niet in strijd kunnen zijn met de Schrift. Doch een fout die dikwijls gemaakt wordt, is dat men bij moeilijkheden die er bestaan, één van de factoren elimineert, dus of de Schrift verwerpt of het feit verdraait. Dit is een zeer onwetenschappelijke methode. Als er geen oplossing te vinden is, laat de man van de wetenschap beide naast elkander staan en eindigt met een ‘non liquet’ (het is niet duidelijk)’.

Neffens dizze teologen spruts de slang yn it Paradys; grouwélige ferhalen wurde sûnder probleem behannele. Oer de sûndfloed: ‘De menschen vluchten naar hooge plaatsen naar de bergen hooger en hooger, tot zij niet meer verder kunnen, maar het water blijft stijgen.’  It is ûnbegryplik dat der minsken mei sûn (?) ferstân binne dy’t sokke Bibelske ferhalen beskermje tsjin wittenskiplike twivel.

Yn de tredde ôflevering ûntkomt de Koran ek net oan in krityske skôging.

Ik skreau in essay oer de tsjerkeferlitting, ûnder de titel ‘De Bibel? Ja, mar ek heech tiid foar oare ferhalen’ publisearre yn De Moanne fan 3 april 2023. De kommende bydragen binne dêrop basearre.

maart 7, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jaap maart 7, 16:52

    Oer it wetter wenje ek minsken 😉

  2. M. Weistra maart 8, 08:50

    ‘Op side 88 kinne se der net mear om hinne: […]’ liket my letterlik oerset Hollânsk. Better Frysk is: […] kinne se der net mear foarwei.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.