Palmpeaske
Resint ferskynd

Eigen yllustraasje
Palmpeaske
Tsjerke
sa stil
hast ynfieren stil
mar wol Palmpeaske
bern drage fleurich
op it houten krús
de bôlehoanne
dy’t gjin honger
stillet
Jezus lûkt
ûnder lûd jûchhei
Jeruzalim yn
– it lijen leit
inketswart
oan de ein
fan de wike
nee! net aanst mar no
bedriget lijen
inketswart
bern
dy’t troch tadwaan
fan Gods folk (?)
de hongerdea stjerre
sûnder ferdôving
amputearre wurde
Tsjerke,
wat stil,
nettsjinsteande Palmpeaske
wat hertferskuorrend stil
Inger Wets






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje