Opnamen fan it Plautdietsch yn Siberië op ynternet set
Resint ferskynd
Yn in fjildwurkekspedysje yn 1991 en 1992 wie senior ûndersiker dr. Tjeerd de Graaf fan Mercator yn de saneamde Dútske Regio (Nemetsky Rayon) yn de Russyske Federaasje yn it súdwesten fan Sibearië op de grins mei Kazachstan, dêr’t in soad menisten wennen.

Boarne: Mercator
Dat binne ôfstammelingen fan emigranten út Noardwest-Europa, dy’t sterke bannen hawwe mei Nederlân. Harren taal, it Plautdietsch, makket diel út fan de Germaanske taalfamylje en hat in soad oerienkomsten mei it Nederlânsk, Grinslânsk en Frysk.
De Graaf hat in grut tal analoge kassettes opnommen, dy’t net allinne dizze taal werjouwe, mar ek de skiednis en libbensstyl fan de menisten beskriuwe. De kolleksje kassettes is no digitalisearre.
De folsleine kolleksje is online beskikber by it Frysk Film- en Audioargyf op Soundcloud.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje