Omrop Fryslân folget statushâlders op ’e siik nei wurk

maart 3, 2024 08:13

Earste ôflevering is te sjen op moandei 4 maart

Fryslân hat in soad ferlet fan nije minsken op de arbeidsmerk. Tagelyk binne der in soad statushâlders dy’t stean te springen om wurk, mar yn de praktyk net oan it wurk komme. In aktueel ûnderwerp dêr’t programmamakker Miranda Werkman yn Fan binnenút fierder yn dûkt. Nije Friezen nei wurk, dat is it tema fan de searje dy’t fan 4 maart ôf by Omrop Fryslân te sjen is.

Programmamakker Miranda Werkman (boarne: Omrop Fryslân)

Programmamakker Miranda Werkman folget in groep statushâlders op ’e siik nei wurk. Se wurde in simmer lang coacht en begelaat yn in spesjaal programma: Newcomers Summerschool. In yntinsyf begeliedingstrajekt foar nijkommers yn Fryslân op wei nei de arbeidsmerk. Miranda giet op ’e siik nei de ferhalen efter de minsken. Wa binne Milad, Ahmad, Danait, Hyam en Jawad? Wat hawwe se meimakke, wat is harren ferhaal en wat kinne se ús bringe? “Wy sjogge nijkommers faak as groep, mar it binne stik foar stik minsken, lykas do en ik”, seit Miranda. “As we foarinoar iepen steane en harkje wolle, komme we in hiel ein.”

Simmerskoalle foar nijkommers
Newcomers Summerschool is in inisjatyf fan Fryslân Werkt en Xpressy. Yn it begeliedingstrajekt folgje de dielnimmers ferskillende wurkateliers. Troch coachingspetearen wurde se op de arbeidsmerk taret.

Fan binnenút: nije Friezen nei wurk
De earste ôflevering is op moandei 4 maart om 17.15 oere te sjen, en dêrnei alle oeren. De searje is ek op YouTube te folgjen.

maart 3, 2024 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.