Nij berneboek: ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’

maart 29, 2024 08:13

Ik wol in bosk op ’e jierdei is in fleurich printeboek fan auteur en yllustrator Linda de Haan oer de magy fan beammen en dreamen dy’t útkomme. Linda waard ynspirearre troch it projekt BOSK yn Ljouwert, dêr’t mear as 1000 beammen in rûte troch de binnenstêd by ‘kuieren’.

Boarne: Afûk

Yn it ferlingde fan BOSK, dêr’t Linda seach hoe’t bern genieten en boarten tusken de beammen fan de kuierjende bosk, nimt se de lêzers mei op aventoer. Sy stelde harsels de fraach: “Hoe kin ik de ynspiraasje, de ferwûndering en de ynformaasje fan BOSK as byldmakker fêstlizze en trochjaan oan jonge bern en harren âlden en pakes en beppes?”

Yn dit fantasijfolle printeboek folget men Simke, dy’t mar ien grutte winsk foar har jierdei hat: in beam yn ’e strjitte. Hja skriuwt in brief oan de boargemaster en wachtet ôf. As sy in pear dagen letter wekker wurdt, stiet de strjitte fol mei beammen. Wat in geweldich kado! De hiele strjitte komt ta libben: in keunstner fertelt oer de kleuren en de foarmen fan de beammen en de blêden, heit lêst foar op it balkon, der wurde beamhutten boud en bern fersideboartsje. Simke soe o sa graach wolle dat de bosk foar altyd yn har strjitte bliuwt, mar kin dat wol?

By útjouwerij Ploegsma yn Amsterdam is tagelyk de Nederlânske ferzje ferskynd ûnder de titel: Ik wil een bos voor mijn verjaardag.

Presintaasje/foarlêze
Op freed 29 maart (Goedfreed) fan 14.00 – 15.00 oere lêst Linda de Haan foar út har nije boek, spesjaal foar bern fan 4 oant 7 jier. Dat is yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert. Foar de bern wurdt dêr noch in aktiviteit organisearre: sy sille mei Linda de Haan in eigen boekje meitsje. Elkenien is fan herten wolkom.

Boekgegevens:
Ik wol in bosk op ’e jierdei | Auteur en yllustrator: Linda de Haan | Utfiering: hurd kaft | ISBN: 978 949 331 8267 | Ferkeappriis: € 16,99 | Utjouwer: Afûk | www.websjop.afuk.frl

maart 29, 2024 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.