Nederlânsk Berneboekewikegeskink 2024 ek yn it Frysk

maart 7, 2024 08:17 Fernijd

It Nederlands Kinderboekenweekgeschenk 2024 ferskynt foar de twadde kear yn it Frysk. Pieter Koolwijk (1974) skriuwt it boek yn it Nederlânsk. Rymke Zijlstra is frege om de Frysktalige oersetting te fersoargjen.

Boarne: Kinderboekenweek

It is de twadde kear dat it Nederlânsk Berneboekewikegeskink tagelyk yn it Frysk ferskynt. Yn 2022 ferskynde Waanzinnige boomhutverhalen (oarspronklik publisearre yn it Ingelsk) mei in Fryske oersetting fan Martsje de Jong ûnder de titel Healwize beamhutferhalen. Yn 2023 ferskynde der gjin Fryske oersetting, mar yn 2024 dus wol wer.

It geskink is yn de Kinderboekenweek fan 2 oant en mei 13 oktober 2024 fergees as men foar op syn minst € 13,50 oan berneboeken keapet. It tema fan de 70ste Kinderboekenweek is ‘Lekker eigenwiis!’

Koolwijk yn it Frysk
It wurdt ek de twadde kear dat it wurk fan Pieter Koolwijk oerset wurdt nei it Frysk. Begjin febrewaris wie de boekpresintaasje fan de Frysktalige oerseting fan Gozert, troch oersetter Rymke Zijlstra. Dat boek fan Koolwijk wûn yn 2021 de Gouden Griffel foar it bêste berneboek.

Nijsgjirrich nei de skiednis fan de Fryske (berne)boekewikegeskinken? Friezinne om utens Grietje Boomsma sparret (berne)boekewikegeskinken en hat har eigen literatuermuseum ynrjochte. Lês hjir mear.

maart 7, 2024 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.