Nasjonaal Boekewikegeskink fan de famylje Chabot ferskynt ek yn it Frysk

maart 11, 2024 10:43

Boarne: Boeken fan Fryslân

It Boekenweekgeschenk 2024 ferskynt ek wer yn it Frysk. De oersetting, mei de titel Gesinsferpakking, is makke troch Ytsje Steen. It tema fan de 89e nasjonale Boekewike is ‘Bij ons in de familie’ en dêrom is de famylje Chabot frege om it geskink te skriuwen.

Bart en Sebastiaan Chabot oer de Fryske oersetting: “Wat wy práchtich oan de Fryske ferzje fine, is dat ‘Hond Bril’ ‘Hûn Bril’ is. Wat ús oanbelanget is it fan no ôf Hûn Bril, sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk! En it Fryske ‘memmestippen’ foar it Nederlânske ‘mamastippen’!”

De nasjonale Boekewike wurdt dit jier fan 16 o/m 24 maart holden. By oanskaf fan € 15,- oan boeken by de boekhannel kriget men yn dy wike it boekewikegeskink – yn it Nederlânsk óf yn it Frysk − der fergees by.

Boeken fan Fryslân, dé organisaasje foar de promoasje fan it Fryske boek, set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek. Sjoch op www.boekenfanfryslan.frl foar mear ynformaasje oer projekten en aktiviteiten fan Boeken fan Fryslân.

maart 11, 2024 10:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.