Minister Mariëlle Paul by Fryske les oer planeten yn Jirnsum

maart 21, 2024 08:15 Fernijd

Moandeitemoarn 18 maart die minister Mariëlle Paul mei oan in Fryske les op de Sint Radboudskoalle yn Jirnsum. Sa koe se sjen hoe’t de Fryske kearndoelen, dy’t koartby presintearre binne, tapast wurde.

Minister Mariëlle Paul (foto: Wikipedia/European Union – CC BY 4.0)

Frou Paul, minister foar Underwiis, siet op ien fan de lytse stuoltsjes, krekt as kommissaris fan de Kening Arno Brok, deputearre Eke Folkerts en wethâlder Nathalie Kramers fan Ljouwert. Yn de kearndoelen Frysk stiet dat it wichtich is dat de Fryske kultuer ek yn ’e lessen meinommen wurdt. “Tink bygelyks oan taalbewustwêzens, geografy, skiednis en in stikje taalekspresje”, seit Bernadet de Jager fan ûnderwiisadvysburo Cedin tsjin Omrop Fryslân. “It foarmet ynhâld om mei de taal te oefenjen. Troch jin te ferdjipjen yn de mienskip fan Fryslân, kriget men hieltyd mear begryp oer wat de taal betsjut. Dêrmei ûntstiet mear motivaasje om de taal te learen. Neffens De Jager wurdt der ek bûten de lessen mear praat oer ús taal. “Bern sille deroer neitinke wat it betsjut en freegje dat miskien oan harren âlders en pake en beppe. Dan realisearje se har makliker hoe bysûnder oft dizze taal eins is en hoe’t dy ús bynt yn de regio.”

Juf Lydia de Jong
Yn de klasse fan juf Lydia de Jong binne dy doelen moai werom te sjen. De les gie oer oer it sinnestelsel en it Planetarium fan Eise Eisinga yn Frjentsjer. Dêrnei hawwe de bern sels in minyplanetarium makke. Frou De Jong: “Se binne gewoan mei leuke dingen dwaande en ûnbewust binne se dan dwaande mei it Frysk.”

Minister Paul fynt it moai om te sjen hoe’t de kearndoelen tapast wurde. “Wat ik hiel knap fyn om te sjen, is hoe’t de learlingen ferskillende talen yn ien klap leare. De leararen ferwurkje it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk op in prikeljende wize yn ’e les.” It taheakjen fan de Fryske kultuer is neffens de minister dan ek in goed plan. “Wat men sjocht, is dat troch it wurkjen mei nijsgjirrige ynformaasje oer bygelyks de romte, men boartsjendewei mear oer de taal leart. Neffens my wurket dat it bêste. It is goed dat bern grutsk witte en útdrage hoe’t harren kultuer en skiednis derút sjocht.”

Boarne: Omrop Fryslân

maart 21, 2024 08:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.