Mei Europeeske partners oan klimaatadaptaasje wurkje

maart 17, 2024 08:23 Fernijd

Troch klimaatferoaring en boaiemdelgong nimt de kâns op oerstreamingen, wetteroerlêst, drûchte, hjittestress en fersâltsjen ta yn Europa. Yn Fryslân ek. Dêrom is de Provinsje Fryslân ien fan de dielnimmende partijen fan it Europeeske projekt NBRACER, dat stiet foar ‘Nature Based Solutions for Atlantic Regional Climate Resilience’. Yn gearwurking mei oare Europeeske partners, fan Portugal oant Denemarken, wurket de provinsje oan in klimaatbestindige Atlantyske regio.

Woudagemaal (foto: ©Aant Mulder)

Under lieding fan it Nederlânske ûndersyksynstitút Deltares is yn 2023 it projektfoarstel NBRACER opsteld, as ûnderdiel fan it Europeeske programma Horizon. Dat hat in rintiid fan fjouwer jier. Deltares is de trekker fan it projektkonsortsium besteande út 29 partners, út acht dielnimmende regio’s lâns de Atlantyske kustline fan Europa. Provinsje Fryslân is ien fan de dielnimmende partijen. Nei’t yn 2023 it projekt troch de EU takend is, binne ein febrewaris 2024 alle partneroerienkomsten ûndertekene. Dêr hellet de provinsje Fryslân in totaalbedrach fan € 1,2 miljoen oan ûndersyksbudzjet mei yn. Dêr wurdt op ‘e praktyk rjochte ûndersyk nei de wurking fan klimaatadaptive oplossingen mei útfierd.

Fryslân Klimaatbestindich
Yn de Fryske NBRACER-casus wurdt ûndersocht hoe’t de ambysjes út de klimaatfyzje ‘Fryslân Klimaatbestendig 2050+’ (FK2050) yn praktyk brocht wurde kinne. Ideeën wurde omset nei konkrete maatregels. Bygelyks metoaden foar it langer fêsthâlden fan reinwetter om drûchte foar te kommen, of it feroarjen fan sleatprofilen om it fersâltsjen tsjin te gean. Dêrby wurdt rekken holden mei de sosjaalekonomyske en maatskiplike wurking fan klimaatadaptaasje. De takomstfyzje FK2050 is yn 2023 troch Provinsje en Wetterskip opsteld. Utgongspunt is om wetter en boaiem stjoerend te meitsjen yn de romtlike planfoarming. De fyzje is rjochte op in systeem dat mear útgiet fan gebietseigen swiet wetter, sadat we hjir yn drûge tiden minder ôfhinklik binne fan swiet wetter út de Iselmar.

Klimaatfyzje
Troch de gefolgen fan klimaatferoaring en boaiemdelgong rint it Fryske wetter- en boaiemsysteem tsjin syn grinzen oan. Der binne oanpassingen nedich om ek op de lange doer noch goed wenje, wurkje en rekreëarje te kinnen. Dat betsjut dat der wurken wurde moat nei in klimaatbestindich wetter- en boaiemsysteem dat better yn steat is om (waar)ekstremen op te fangen. De fûle rein fan ôfrûne winter is dêr in goed foarbyld fan.

maart 17, 2024 08:23 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.