Meditearje kin no ek yn it Frysk

maart 4, 2024 08:13

Anna-Maria Heidbuurt út Ljouwert woe it leafst ta rêst komme of yn ’e sliep falle mei in Fryske meditaasje. Dy wiene net te finen, dat se besleat om se sels op te nimmen.

Foto: pixabay.com

“Ik hâld sels hiel bot fan de saneamde ‘meditaasje ûnder lieding'”, fertelt frou Heidbuurt yn it radioprogramma Buro de Vries. “Dat is in meditaasje dêr’t ien dy fertelt watst dwaan moatst. Wêr’tst dyn oandacht op rjochtsje moatst of wêr’tst oan tinke moatst.” Der binne genôch fan sokke meditaasjes op podcastapps te finen en se wurde ek troch in hiel soad minsken brûkt, mar se binne yn it Nederlânsk. Frysk is har memmetaal en meditearje docht se it leafst yn it Frysk. Dêrom dat se de Fryske meditaasjepodcast betocht. Har sweager, muzikant Daniël Kolk, soarge foar de muzyk en de montaazje.

De podcastrige gie ein jannewaris los mei trije Frysktalige meditaasjes: in sliepmeditaasje, in moarnsmeditaasje en in bernemeditaasje. “Bern kinne ek in soad baat by in meditaasje hawwe”, fertelt frou Heidbuurt. “Myn eigen soantsje is soms noch hiel drok as er op bêd giet en dan doch ik in meditaasje mei him. Dat helpt him om rêstich te wurden en yn sliep te fallen.” De moarnsmeditaasje is bedoeld foar minsken dy’t op in bewuste wize de dei begjinne wolle en de sliepmeditaasje is der krekt foar om jin rêstich en mei in lege holle del te jaan. Yn febrewaris is der in kuiermeditaasje bykaam.

De Fryske meditaasjepodcastrige is hjir te finen.

Boarne: Omrop Fryslân

maart 4, 2024 08:13
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Petra Yntema april 2, 11:15

    Wat moai! Ik run der sels ek tsjin oan en bin twa jier lyn ek begûn Fryske meditaasjes op te nimmen. Ik murk ek dat Friezen it hiel noflik fine as it yn harren eigen memmetaal is.

    Sels bin ik in skofke werom op Omrop Fryslân west mei myn Fryske meditaasjes. Spitich genôch wie of bin ik noch noch net sichtber genôch foar elke Fries 😉
    Anna-Maria, do hast der in prachtige stem foar!
    Foar wa ferlet hat fan mear Fryske meditaasjes, sjoch ris op http://www.expeditionhappinezz.nl
    Groetnis en leafs Petra

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.