Lakers sille staveringsflaters op stânbyld Bryant ferbetterje

maart 15, 2024 08:13 Fernijd

Basketbalklup Los Angeles Lakers sil in stikmannich steurende flaters op ’e sokkel fan it stânbyld fan basketbalgrutheid Kobe Bryant korrizjearje. Op it brûnzen byld steane ûnder mear de nammen fan twa eardere NBA-spilers ferkeard stavere.

Foto: pixabay.com

It byld is in earbetoan oan Bryant, dy’t yn jannewaris 2020 by in helikopterûngelok omkaam. It waard foarige moanne ûntbleate. It hat in plak krigen foar it stadion fan de Lakers en lûkt alle dagen in protte besikers.

No’t it der in moanne stiet, blike der ferskillende flaters yn de teksten slûpt te wêzen. Sa binne de nammen fan Von Wafer en Jose Calderon ferkeard skreaun. Ynstee fan ‘Calderon’ stiet der ‘Calderson’ en ‘Von’ is ‘Vom’ wurden.

Beide spilers wiene aktyf yn ’e wedstriid op 22 jannewaris 2006, dêr’t Bryant 81 punten yn skoarde, de op ien nei heechste persoanlike skoare ea yn in NBA-duel. Wafer by de Lakers, Calderon by tsjinstanner Toronto.

De útdrukking ‘Coach’s Decision’ (beslissing fan de coach) is ek ferkeard stavere: ‘decicion’ ynstee fan ‘decision’, en fierder steane der noch in pear lytse flaters op ’e sokkel, dêr’t de steat fan tsjinst fan Brynt wiidweidich op beskreaun wurdt. Yn in ferklearring, dy’t moandei útjûn waard, litte de Lakers witte “har al in wykmannich fan de flaters bewust te wêzen en der alles oan te dwaan om dy sa gau mooglik te korrizjearjen.”

Bryant spile syn hiele tweintichjierrige karriêre foar de NBA-klup út Los Angeles. De achttjinfâldige All Star wûn mei de Lakers fiif NBA-titels en waard ien kear ta weardefolste spiler keazen. Hy stiet fjird op de topskoarelist fan alle tiden.

maart 15, 2024 08:13 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.