Kletterdei dit jier yn Drylts

maart 22, 2024 10:37

Ofrûne woansdei, 20 maart, binne yn de alve Fryske stêden de fonteinen wer oanset. Winterdeis binne se út, mar yn de maitiid wurde se mei it fieren fan Kletterdei allegearre wer oanset.

It Kletterdeifeest wie dit jier yn Drylts. Wethâlder Petra van den Akker fan Súdwest-Fryslân joech mei de Dryltser bern de fontein “Unstjerlike Blommen – Rikka” wetter. Dat holp, want dêrnei klettere de fontein wer omraak. Dy fontein is troch in ferneamd keunstner út Japan makke. De fonteinen yn de oare tsien stêden binne ek allegearre troch bûtenlânske keunstners ûntwurpen. Wa’t dêr mear oer witte wol kin op www.11fountains.nl terjochte. Toeristen wurde nei in besite oan ien sa’n fontein yn ’e ferlieding brocht om ek nei de oaren te gean, is de ferwachting fan ûnder mear Merk Fryslân, de promotor fan it toerisme.

Foto © Martin de Groot Fotografie

De besikers dy’t de Kletterdei yn Drylts meimakken koene ûnder begelieding fan in stedsgids genietsje fan alles wat de stêd oan histoarje en kultuer te bieden hat. De skoalbern koene oan alderhande aktiviteiten meidwaan lykas blauwe drúfkes om de fontein hinne plantsje en yn museum Houtstad IJlst in kaaihinger meitsje.

“Kletterdei bliuwt in spesjale dei. It is it teken dat de maitiid wer begjint en de fonteinen yn de alve stêden wer kletterje meie. As gemeente Súdwest-Fryslân binne we grutsk op dat kultureel erfgoed. Alle fonteinen binne unyk. It bliuwt moai om te sjen dat de fonteinen sa’n simmersk gefoel jouwe. Moai om Kletterdei mei-inoar te fieren”, sei wethâlder Petra van den Akker.

maart 22, 2024 10:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.