Jûn Fryske Nachtmielsfiering yn Hegebeintum

maart 28, 2024 06:59

Foto Gouwenaar, boarne Wikimedia Commons CC BY-SA 4.0

Jûn wurdt yn de tsjerke fan Hegebeintum in Frysktalige tsjerketsjinst holden. Yn dy tsjinst sil it hillich Nachtmiel fierd wurde.

It is hjoed Wite Tongersdei, de dei dêr’t yn de tsjerken op betocht wurdt dat Jezus syn lêste miel mei syn freonen hold. De fiering fan dy betinking hat yn de rin fan de skiednis de namme ‘hillich Nachtmiel’ krige, in miel mei brea en wyn as symboalen fan it bloed en it lichem fan Kristus.

Yn Hegebeintum begjint dy fiering jûn om 19.30 oere. De tsjinst giet út fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Dongeradiel en Hegebeintum. Foargonger is dominy B.G. Keizer fan Eastrum.

maart 28, 2024 06:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.