Journaal foar letterswakken en Omrop Fryslân
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Yn dizze moderne tiid wurdt it hieltyd dreger om, as men net genôch oplieding hat, yn de mienskip mei te dwaan. Ek it nijs, bgl. it NOS Journaal is foar in protte minsken troch it yngewikkelde taalgebrûk min te folgjen, benammen foar letterswakken (“laaggeletterden”).
Om sokke minsken yn ’e mjitte kommen is der no in spesjaal Journaal yn maklike taal. Dat wurdt ienris yn ’e wike op de regionale telefyzje útstjoerd, yn Fryslân troch Omrop Fryslân op tongersdei.
Hiel goed, mar wêr’t ik muoite mei haw is dat Omrop Fryslân dat sjoernaal yn it Hollânsk útstjoert en net yn ús twadde rykstaal, it Frysk. Foar Fryslân leit hjir just in unike kâns om letterswakke Friezen yn harren eigen taal te berikken.
Sa’t de situaasje no is, moat Omrop Fryslân fan syn dochs al beheinde Fryske stjoertiid ek noch tiid besteegje oan maklik nijs yn it Hollânsk. Dat liket my just in taak foar de nasjonale stjoerders, lykas NPO1 of NPO2, bgl. yn oansluting op it algemiene NOS Journaal. Dan giet it alteast net te’n koste fan de beheinde stjoertiid yn it Frysk op Omrop Fryslân en meitsje we tagelyk it Frysk yn de mienskip sichtberder.
Jehannes Elzinga
Frjentsjer






Goed punt! En fansels kin it wrâldnijs allegear ek yn it Frysk. No betelje Friezen foar de NPO, dus foar telefyzje yn in frjemde taal. Soks kin fansels net.
Wat Johannes Elzinga net neamt is dat der dan ek noch in stik ideologyske beynfloeding fan de NOS bykomt. Ien fan de doelen fan de NOS is, alle noazen yn Nederlân deselde kante út te krijen. De NOS is steatsstjoerder en dy steat hat belang by de Nederlânske konsensus, ek om dêrmei it fielen fan “Nederlanner wêze” fuort te sterkjen. Dat gefoel stiet heaks op ús stribjen ús taal te behâlden en fuort te sterkjen. Want it Frysk mei wol, mar allinnich oan de uterste râne.