Japanske raket ûntploft efkes nei lansearring op earste flecht

maart 13, 2024 09:20

In raket fan it Japanske bedriuw Space One is koart nei de lansearring ûntploft. It wie de earste lansearring fan de Kairos, in achttjin meter lange raket op fêste brânstof.

Foto: pixabay.com

De ûnfortúnlike flecht wie om 11.01 pleatslike tiid (03.01 oere hjir). Space One woe mei de lansearring it earste Japanske bedriuw wurde dat deryn slagget om in satellyt yn ’e romte te bringen. Mar dêr kaam neat fan telâne: in pear sekonden nei’t it gefaarte it lansearplatfoarm ferlitten hie, spatte de Kairos yn in grutte fjoerbal útinoar. Stikken fan de raket foelen tebek op Space Port Kii, in lansearbasis net fier fan de stêd Osaka ôf, en der bruts brân út op it platfoarm. Der binne gjin minsken ferwûne rekke, melde de autoriteiten.

De raket ûntplofte nei’t in automatysk systeem om de flecht tsjin te hâlden, aktivearre wie. Space One lit witte dat it “de flecht beëinige hie”, sûnder yn detail oer de oarsaak fan it mislearjen te fertellen. It bedriuw ûndersiket de flechtgegevens. It gie om in testflecht, mar Kairos ferfierde wol in lading. Oan board wie in eksperimintele spionaazjesatellyt, dy’t de taken fan oare spionaazje oernimme kinnen hie, as dy útfalle soene.

Space One is in relatyf nij romtefeartbedriuw. It waard yn 2018 oprjochte troch in konsortsium fan Japanske ûndernimmingen mei it doel om goedkeape raketten te ûntwikkeljen. De Kairos moat ladingen oant 250 kilo yn in baan om de ierde bringe kinne.

Besjoch in filmke fan de lansearring en ûntploffing op YouTube.

maart 13, 2024 09:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.