Japanske lâner wer wekker nei iiskâlde moannenacht
Resint ferskynd
De lâner dy’t Japan ein jannewaris op ’e moanne sette, hat syn twadde moannenacht ek trochstien. De lâner SLIM hat nije bylden nei ierde stjoerd, hat it Japanske romtefeartprogramma witte litten.

Boarne: JAXA
De iiskâlde moannenacht, dêr’t de temperatuer sa’n 130 graden ûnder nul yn sakket, duorret twa wike. Yn dy lange nacht wie it gebiet dêr’t SLIM yn stiet folslein tsjuster. It wie foar de lâning yn jannewaris net dúdlik oft it romtereau de lange kâlde nacht oerlibje soe. Yn febrewaris bliek dat wol sa te wêzen. De Japanners koene net earder kontrolearje oft de twadde nacht ek goed trochstien wie, om’t de lâner himsels útskeakelet as it tsjuster is.
Last night, we received a response from #SLIM, confirming that the spacecraft made it through the lunar night for the second time! Since the sun was still high and the equipment was still hot, we only took some shots of the usual scenery with the navigation camera. #GoodAfterMoon pic.twitter.com/5BjIr7vxMG
— 小型月着陸実証機SLIM (@SLIM_JAXA) March 28, 2024
Japan is it fyfde lân dat in lâner goed op ’e moanne set hat. SLIM docht ûnder mear ûndersyk nei de moannekoarst en nei de gearstalling fan rotsen op it oerflak. Dy kinne mooglik wat oer it ûntstean fan de moanne sizze. Nei de presyzjelâning op 19 jannewaris wie it efkes de fraach oft SLIM wol funksjonearje koe, om’t de sinnepanielen net goed wurken. Letter die bliken dat de lâner op syn kant telâne kommen wie, sadat de panielen minder ljocht opfongen. Doe’t SLIM wol wer sinneljocht opfange koe, slagge it om foto’s nei ierde troch te stjoeren.
Lês ek dizze berjochten fan It Nijs:
www.itnijs.frl/2024/01/japan-parkearret-moannelaner-op-moanne-sinnepanielen-wurkje-net
www.itnijs.frl/2024/01/japanske-moannelaner-docht-it-wer-nei-problemen-mei-stroomfoarsjenning






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje