Janna’s fotoferhaaltsjes (10)

maart 22, 2024 08:00 Fernijd

Janna van der Meer makket bysûndere foto’s. Om de twa wiken lit se hjir ien sjen. Se skriuwt der in persoanlike oertinking by.

Wetterlaam (foto © Janna van der Meer)

“Stiet it leuk boppe de bank?”

“Ik sykje om wat aardichs: in keunstwurk dat by myn ynterieur past. It moat benammen rêstjaand wêze …” Dat soarte fan dingen hear ik faak. Mar wat is aardich? En wat dan jout rêst?

It libben sels is myn ynspiraasje. En dat is net altyd in picknick oan ’e mar op in sinneskyndei. It libben giet ék oer ferwrongen lamkes ûnder wetter, of achter glês. Oer koele kleurskakearringen, fertrietlike benaudens en fermoarde ûnskuld. Koartsein: oer dreech te definiearjen dingen, dy’t skuorje en ûnrêst feroarsaakje.

Kinst ûnrêst en ûngerêstens besykje te ferbaljen, mar it binne gemiene kjifdieren. Se fine altyd wol in yngonkje.

Underwilens besykje ik rêst te finen troch situaasjes sa earlik mooglik tsjin it ljocht te hâlden.
Myn fotokollaazjes foarmje in ferslach fan in syktocht. Oft se moai boppe de bank steane is net oan my.

Echt Sen sil ik noait wurde. Dochs helpt dit my. Mear as plaatsjes fan sa’n sinnige picknick. Foaral as it bûten stoarmet.

maart 22, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.