Jan Schokker: Seksy fûgels

maart 23, 2024 08:00 Fernijd

Kollum

Help! Kinne kollums koarter? Yn twahûndertfyftich wurden? Heechstens? Dat is neat. Bytsje opstarte en ik sit al op de hûndertfyftich, yn ús taaltsje fol kommaletters dêr’t ik net om hinne kin en dy’t der amper tadogge, mar wol moai meitelle.
Efkes sjen … no sit ik op fyftich wurden: in fiifde part al oan romte fergriemd. Aanst mar op ’e nij begjinne, earst mar efkes derút … Nee, dat moat oars: Ik derút (twa wurden besparre).

De ûlen sitte in pear tûken heger as oars. Se sliepe. Se wurde wekker as ik yn ’e hûs sil. De âlde brune kochelet en freget slieperich oft ik him miskien wat freegje woe.
Yn in pear wurden lis ik him myn dilemma út. Dat myn kollums dus koarter moatte. Folle koarter. Minder eamelje, mear to-the-point. Blitser. Skerper. Och heden, as puntsje by pealtsje komt moat miskien it measte yn myn libben minder meänderjend, folle rapper en koarter en mear taspitst op it wêzentlike, it wichtichste. Hurry-up mantsje, gjin tiid mear te fergriemen mei ús Abraham foar eagen.
De ûle giet derfoar sitten en sil wiidweidich syn miening ferkundigje.
‘Ho, ho, koart en bûnich!’, kommandearje ik fernimstich.
Ulen kinne har samar oanpasse. Kin de âlderein noch wat fan leare.
‘Ien wurd: Podcast.’
‘Huh?’
‘Folle seksyer, gewoan ynsprekke yn ’e tûkfoan. Dy typerij fan dy is net mear fan dizze tiid man, boppedat skoot it mear. It Ulebûn betellet ús ek út yn lyts wyld en oars …

Twahûndertfyftich wurden. Hat it wat?

Reagearje:  info@janschokker.frl

maart 23, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.