Jaap Slager: Heu

maart 2, 2024 08:00 Fernijd

Kollum

Snie. Foto Jaap Slager

It is miskien wol aardich om ris te sjen nei de ferskillen tusken Portugal en De Nederlannen.

It meast yn it each rinnend fansels is it klimaat, al hat dat ek syn útfallen. De ôfrûne hjerst bygelyks hawwe lân- en túnbou yn it noarden en de midden fan it lân al hiel wat skea oprûn troch heil- en reinstoarmen, mei oerstreamingen en witwat allegearre.
Sokke utersten bliuwe ús, yn dizze herne fan ’e Baixo Alentejo, deun tsjin it Spaanske Andalûzië oan, yn ’t generaal besparre.
Dêr komt by dat ús rivierdoarp mei de kont tsjin in baas opslachmar oan hinget. It foel my eartiids by de Tsjûkemar ek al op dat in loft as in brijwein jin betsjusterje koe en dat de bui him dan krekt foar dy grutte wetterflakte yn twaen spjalte. Dat ferskynsel sjuch ik hjir bytiden ek – dat it boppe de Algarve en Andalûzië tongerje kin dat it fjurket, en dat, as it hjir ienkear oan ta is, der allegear neat fan op ’e hispel komt. It hânfol dagen yn it jier dat de sinne hjir net skynt, hawwe wy heechút wat fan dy griemerige storein.
Om koart te kriemen, myn eachweid is wol in bytsje beheind wat it Portugeeske klimaat oanbelanget – it mâle waar sjugge wy meast op telefyzje.

De lju? Dy binne o sa noflik en sa goed as bôle. Teminsten, hjir yn ’e Alentejo. It lân leit harren wol sljucht. Ek al kinne jim op de iene foto sjen dat soks mei in kerltsje sâlt nommen wurde moat. Fierders stiene de Friezen der op kop en earen by doe’t Us Leavenhear de lichemslingte ferparte en kamen de Portugezen oan ’e krapperein. Mar in pear stuollen kinne rêding bringe, sa’t jim op ’e oare foto (net) sjen kinne.
'Grutte' fammen (eigen foto)Wêr’t in Fries nea oan wenne sil, is dat ja net altyd ja is. Ja is ek wolris nee. En ‘amanhã’ hat deselde wearde as ‘mañana’ yn Spanje – de dei nei hjoed sil it nea net wurde. Dat, bliuw der foaral net om thús as in Portugees seit: ‘Ja, hear, ik kom moarn.’
No’t ik it yn my omgean lit, ken ik in Amsterdammer dêr’t itselde foar jildt. ‘Dat komt,’ fertelde in goefreon lêsten, ‘trochdat Nederlanners der gjin bonke yn fine en nim dingen fan ynkommelingen oer as dat har better útkomt. As it om ús noarms en wearden giet, binne wy frijwat slop yn ’e ankels.’
Dat soe kinne, hear – dat wit ik net. Nederlanners hawwe altyd in hannelsfolk west. Dat hat mei yn dat se har maklik oanpasse oan wat de (potinsjele) klant wol. Soe dat in oarsaak wêze kinne?

Wat ek o sa Frysk is yn ’e Alentejo, is dat de hân even omheech komt as jin ien yn ’e mjitte komt: Heu!
Dat diene – en ik nim oan fan dogge – wy yn it heitelân ek. As immen jin dêr oan ’e hûd foarby rûn sûnder ek mar eachkontakt te meitsjen, dan koe men der donder op sizze dat it net in Fries wie.

Jaap Slager wenet yn Portugal
maart 2, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. HE maart 3, 11:36

    Jaap soe hjir yn it heitelân wolris fan in kâlde merke thúskomme kinne/ nuver fan de bok dreame kinne.
    Ek hjir yn Fryslân is it lang oeral net mear gewoan om elk dy jo tsjinkomme goeidei te sizzen. Sels net op de Fryske marren, wêr’t it lang wênst wie eltsenien dy’t jo tsjinkamen te groetsjen.
    Wol is it [yn myn gefal] noch gewoan dat in elts dy’t my de tiid fan de dei seit, Heu dêr noch by brûkt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.