Hast negeard (gedicht)

maart 23, 2024 09:30 Fernijd
De rinnende tekst fan ûndersteand gedicht is yn it Súdwesthoeksk (Sint-Nyksters), de sitaten binne yn it Lemsters en Wâldfrysk.

Foto: pixabay.com

hast negeard

‘hest in gat yn e skoen’
wie it as wist ik dat self net
‘mutst even nei ipy’
wyldfremde egen
seagen mij strak oan
ik skrok mij in ‘huh?’tsje

‘dêr wolst toch net
mei sitten blûje?’ en
hij wiisde nei myn foet
de man stûng för mij
as út it niks en hie
blykbar wat te sizzen

op it strân tocht ik
moai út te sjen nei de see
mei in boek yn e hân
wêrt ik eins noch net
mei opholden wie mar
ommers liek it al sa

‘ja, dat sees ik ek al’ sei se
se hoegde der net
bij lizzen te blûwen
siet al ruchtop en hie
better troch as mij
wat der oan e hân wie

‘wêr moat er wêze?’
op de körtestreek
fört ik der erch yn hie
seach ik op it winkelrút
‘ipy, skunmakker
typysk in makker’

tinkst krekt oan
knappende kastanjes
krijst der ien op it börd

Joël Hut

maart 23, 2024 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.