Grutskalich boargerwittenskiplik ûndersyk nei ôffal op Nederlânske strannen

maart 2, 2024 11:35

Trijehûndert frijwilligers dogge de kommende twa wike strânôffalûndersyk oan de Nederlânske Noardseekust. Hja binne boargerwittenskippers fan it nije ûndersykprogramma Meet Mee voor een Schone Noordzee, in inisjatyf fan Stichting De Noordzee. Foar it earst wurde de Nederlânske strannen troch hûnderten frijwilligers op ôffal monitoare. De stifting brûkt dy data om it ôffalprobleem by de boarne oan te pakken. Yn oktober folget in twadde monitoaringsomgong, dêr’t noch mear boargerwittenskippers foar traind wurde.

Foto: Stichting De Noordzee

“In sûne Noardsee is in skjinne Noardsee”, fertelt projektlieder Sebastiaan Verkade fan Stichting De Noordzee. “Dit ûndersyk helpt ús om stappen nei dat doel te setten. Want wat leit der op it strân en wêr komt dy smoargens wei? Mei de resultaten witte we noch better wêr’t de problemen lizze en geane wy it petear oan mei bedriuwen, de polityk, beliedsmakkers en strânbesikers. Sa kinne wy foar better belied tsjin swalkôffal pleitsje, en monitoarje oft besteande maatregels effektyf binne.”

Boargerwittenskip
“It bysûndere fan dit projekt is dat we op grutte skaal gebrûk meitsje fan boargerwittenskip”, fertelt Verkade. “Entûsjaste frijwilligers út it hiele lân sette har út leafde foar de Noardsee yn en sammelje weardefolle ynformaasje.”

It is unyk dat op dizze skaal en op dizze wize troch boargerwittenskippers ûndersyk nei strânôffal dien wurdt. De frijwilligers wurkje neffens rjochtlinen dy’t de stifting mei Universiteit Utert ûntwikkele hat, basearre op in metodyk dy’t by strânôffalûndersyk yn hiel Europa brûkt wurdt. De frijwilligers ûndersykje twa kear jiers in stik strân fan fyftich meter breed fan de dúnrâne oant de wetterline. Yn dat fek wurdt alle sichtbere smoargens fan snobbersferpakking oant fiskplús opromme en yn in app byholden.

Opskaling
Stichting De Noordzee docht al langer strânsmoargensûndersyk oan de Noardseekust, op fjouwer net-toeristyske strannen. Dat ûndersyk wurdt no oanfolle mei hûnderten lokaasjes by de hiele kust lâns. Sa ûntstiet in folsleiner byld fan de boarnen, hoemannichte, gearstalling en fersprieding fan it oanspielde en efterlitten ôffal op de Nederlânske Noardseestrannen. De stifting hat de ambysje foar in weromkommend en groeiend ûndersyksprogramma dat úteinlik de hiele Nederlânske Noardseekust in kearmannich yn it jier monitoaret.

De folgjende monitoaringsomgong is yn oktober. Belangstellenden kinne har oanmelde fia www.meetmee.nl.

maart 2, 2024 11:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.