Gerrit Hiemstra skriuwt Grut Frysk Diktee oer de ympakt fan it klimaat

maart 6, 2024 13:49

Op tiisdei 23 april sit de Steateseal fan it Provinsjehûs wer fol mei swittende minsken dy’t besykje om it Grut Frysk Diktee sûnder flaters te skriuwen. Dit jier skriuwt waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra dy tekst.
Kwalifisearje foar it diktee kin fan tiisdei 5 maart ôf troch it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl te meitsjen.

Boarne: Fryske Akademy

Ferline jier waard de tekst skreaun troch sjongeres Iris Kroes en doe gie it oer in beskate faze yn it libben. Dit jier weaget Gerrit Hiemstra him oan it skriuwen fan de dikteetekst, dy’t gean sil oer wat it klimaat mei ús docht: “Ik woe it oer it klimaat ha, mar dat is in hiel grut ûnderwerp mei in hiel soad ferskillende ynfalshoeken. Uteinlik haw ik keazen om foaral oer it minsklike aspekt te skriuwen. It komt derop del dat we ôfskied nimme moatte fan it klimaat fan eartiids en dêr hawwe in soad minsken grutte muoite mei.”

Fan bekende Friezen oant de Harkemase Boys

Njonken de tweintich kandidaten dy’t har kwalifisearje kinne, sille ek fiif teams ûnderling de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier binne: Bekende Friezen, Yung Frysk, Harkemase Boys, Freonen fan Fryske organisaasjes en studinten Frysk fan de Universiteit van Amsterdam.

Ek meidwaan?
Minsken dy’t op 23 april graach meidwaan wolle oan it Grut Frysk Diktee, moatte har dêrfoar kwalifisearje. Fan 5 oant 31 maart kin elkenien online meidwaan oan it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl. Ut de bêste dielnimmers wurde tweintich kandidaten selektearre dy’t meidwaan meie oan de grutte finale yn de Steateseal.

It Grut Frysk Diktee wurdt op woansdei 24 april om 19.30 oere útstjoerd by Omrop Fryslân. De organisaasje fan it diktee is yn hannen fan de Afûk, it Taalsintrum Frysk (Cedin), de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer it Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.

maart 6, 2024 13:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.