Gaelysk Inisjatyf-referindum oannommen mei mearderheid fan 90%

maart 5, 2024 08:06

It Gaeilge Initiative is fia in referindum oannommen mei in oerweldigjende mearderheid fan 90%. Dêrtroch kin in foltiidsk Ierske taalfunksjonaris (Oifigeach na Gaeilge) oansteld wurde en finansiering ferliend wurde oan oare universiteitsorganen om it Iersk op ’e kampus te stimulearjen.

Trinity College Library (foto: Wikipedia/David Iliff, eigen wurk – CC BY-SA 4.0)

89,56% fan de 1.590 kiezers (Ierske studinten) stipe de yntroduksje fan it Gaealysk Inisjatyf. Dat is de grutste mearderheid dy’t in referindumútslach de ôfrûne jierren opsmiten hat. Fan takom stúdzjejier ôf wurdt in heffing fan € 4 ynfierd, sadat jierliks in fûns fan op syn meast sa’n € 80.000 foar it inisjatyf ûntstiet.

Dêrfan kriget Studintefakbûn TCDSU (Trinity College Dublin Students’ Union) oant 70%, wylst it Central Societies Committee (CSC) oant 15% kriget om de Ierske sichtberens yn universiteitsferieningen te fergrutsjen. Trinity Sports Union kriget oant 10% en Trinity Publications, de ynstânsje dy’t ferantwurdlik is foar de finansiering fan ferskillende universiteitspublikaasjes, oant 5%.

TCDSU sil no de Ierske offisjele taalstatus yn ’e grûnwet opnimme en in foltiidsk Ierske taalfunksjonaris yntrodusearje, sadat de hjoeddeiske dieltiidfunksje ferdwynt. It referindum hie de heechste opkomst fan alle fakbûnsreferinda yn de ôfrûne seis jier. De earste Oifigeach na Gaeilge fan it fakbûn sil by de kommende ferkiezingen keazen wurde.

maart 5, 2024 08:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.