Gabrielle Terpstra: Ferlern yn de Dunen

maart 18, 2024 15:20

Filmskôging

De film Dune: Diel Twa draait op it stuit yn de bioskopen en is in enoarm sukses. Dit motivearre my om my op ’e nij te ferdjipjen yn it Dune-universum.

Dizze wike beseach ik Dune: Diel ien foar de twadde kear. In soad details fan de film wiene my ûntsketten.
De earste kear dat ik de film seach, wie it foaral in fisueel spektakel, mar it ferhaal en de personaazjes wiene my net hielendal dúdlik. Diskear besleat ik om my better yn te lêzen oer it ferhaal fan it boek, wat my gelokkich holp om alles better te begripen.

De film ferkent de komplekse wrâld fan Arrakis, ek bekend as Dune, in woestynplaneet dy’t de iennige boarne is fan it meast weardefolle goed yn it universum: spice. Dy drug ferlinget de minsklike libbensdoer, ferheget mentale kapasiteiten en makket it reizgjen mei in faasje flugger as ljocht mooglik. Spice wurdt produsearre troch de sânwjirms, of Shai-Hulud, sa’t se troch de ynlânske bewenners, de Fremen, neamd wurde. Dy wjirms spylje in krúsjale rol op de woestynplaneet, net allinnich fanwegen harren enoarme grutte, dy’t wol hûnderten meters lang wêze kin, mar ek troch harren fermogen om troch sân te bewegen as is it wetter.

Wapene mei dy kennis koe ik mei in gerêst hert nei de bioskoop foar Dune: Diel Twa, dy’t fierder giet wêr’t it earste diel einiget. It ferhaal is sa wiidweidich dat it net yn ien film te fetsjen is. Beide films duorje sawat trije oere. Dune: Diel Twa wie sa’n bioskoopûnderfining dêr’t men folslein by ferjit dat de bûtenwrâld bestiet en, nettsjinsteande de lingte, net iens sjen wol hoe let oft it is.

Om hielendal yn de Dune-sfear te bliuwen, besleat ik ek Jodorowsky’s Dune te sjen. Dy dokumintêre fertelt it ferhaal fan Alejandro Jodorowsky, dy’t nei it sukses fan syn film The Holy Mountain besleat dat er it boek Dune ferfilmje woe.
Syn fyzje wie ambisjeus, mei Pink Floyd foar de muzyk en Mick Jagger en Salvador Dali yn de cast. It klinkt as in dreamprojekt, mar gjin inkelde studio woe syn fyzje finansierje. Jodorowy’s ferzje soe nammentlik sa’n tsien oere duorje moatte, wat yn 1974 ûnmooglik achte waard. De studio’s woene dat de film maksimaal oardel oere duorje soe en wiisden it projekt ôf. Echt spitich, want dy film hie ik graach sjoen.

Myn sânkleurige dûk yn de wrâld fan Dune wie noflik; ik hie net ferwachte dat ik it sa aardich fine soe. Ik kin net wachtsje om te sjen hoe’t de filmmakker yn de takomst dit rike universum fierder ferkenne sil. Yn tsjinstelling ta Jodorowsky hat de regisseur fan de hjoeddeistige Dune-films alle romte en middels ta syn foldwaan hân. Dune hat dúdlik mear te bieden as allinnich sân.

maart 18, 2024 15:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.