Fundearringsloket Fryslân 1 maart iepensteld

maart 2, 2024 09:59

Freed 1 maart is it Fundearringsloket Fryslân iepensteld. Wenningeigeners mei fragen oer de steat fan harren fundearring kinne dêr foar advys terjochte. Provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en de acht feangreidegemeenten wolle dêrmei wenningeigeners yn it Fryske feangreidegebiet mei fundearringsproblemen bystean.

Foto: Wikipedia/IFCO Funderingscontrole BV, eigen wurk – CC BY-SA 3.0

Húseigeners yn it Fryske feangreidegebiet kinne konfrontearre wurde mei fundearringsproblemen. Oant likernôch 1970 waarden wenten faak op houten peallen boud. Der kin om ûnderskate redenen skea oan sa’n fundearring ûntstean, bygelyks by pealrot troch lang drûch te stean, pealpest (in baktearje dy’t de houten peallen ûnder wetter oantaast) of troch boukundige faktoaren. Problemen wurde earst sichtber as der skuorren yn muorren ûntsteane of as doarren ynienen net mear goed ticht wolle. It Fundearringsloket wol it bewustwêzen oer fundearringsproblemen fergrutsje en ynformaasje jaan oer oplossingen.

Ynternetloket en sprekoeren op lokaasje
It Fundearringsloket Fryslân is in sintraal plak dêr’t antwurden oer fundearringsproblemen, -ûndersyk en -ferbetteringen te finen binne. Der wurdt ek ynformaasje dield oer subsydzjeregelingen en finansiering fan fundearringsreparaasje. It loket is berikber fia www.funderingsloket.frl. Njonken online ynformaasje wurdt ek help en stipe bean. De meiwurkers fan it loket binne berikber foar fragen en advys. Dat kin sawol fia ynternet, telefoanysk as mei in ôfspraak op lokaasje. Dêrnjonken wurde yn de kommende tiid sprekoeren yn it feangreidegebiet holden.

Subsydzjes
Sûnt jannewaris is in subsydzjeregeling foar fundearringsûndersyk beskikber. Dy subsydzje fergoedet 80% fan de kosten dy’t makke binne oant in maksimum fan € 4000 de wenning. Nei ferwachting wurdt mids 2024 in subsydzjeregeling foar fundearringsferbetteringen iepensteld.

Nasjonale oanpak fundearringsskea
Yn Fryslân wurdt útsjoen nei it advys fan de Ried foar de libbensomjouwing en ynfrastruktuer (Rli) oan it kabinet oer hoe’t it Ryk yn ’e mande mei oanbelangjende partijen ta in nasjonale oanpak fan fundearringsskea komme kin, dy’t útfierber en rjochtfeardich is. De problematyk spilet yn grutte parten fan Nederlân, en ek yn Fryslân. Goed 12.500 wenten yn ús provinsje rinne risiko op skea. Guon bewenners hawwe no al te krijen mei fersakkingsskea. Fundearringsskea wurdt troch de Fryske oerheden sjoen as in grut maatskiplik probleem dat yn de kommende jierren hieltyd driuwender wurde sil.

maart 2, 2024 09:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.