Frysk Museum wurket mei Dútske partners oan útstalling oer kening Redbad

maart 3, 2024 08:14

Yn 2026 wol it Frysk Museum yn nauwe gearwurking mei Dútske en Nederlânske partners in mienskiplike útstalling oer de Fryske kening Redbad realisearje. Tanksij in Europeeske subsydzje fan it lytsprojektefûns (KPF) is it Frysk Museum by steat om in oanfraach by it Interreg VI yn te tsjinjen foar de finansiering fan de útstalling en it byhearrend edukatyf programma.

Frysk Museum (foto: Ruben van Vliet)

Noard-Nederlân en Noardwest-Dútslân diele in rike skiednis. It dield kultureel erfgoed is net allinnich sichtber yn it lânskip, mar ek yn monuminten en musea. It Frysk Museum stribbet nei ferdjipping fan de kulturele bannen tusken beide gebieten. Nei in suksesfolle lytsskalige gearwurking mei Ostfriesische Landschaft en Landesmuseum Emden, is de ambysje no om dy út te bouwen mei de útstalling Redbad, pland foar 2026, as ferfolch op de eardere útstallingen Wy Wytsingers (2019) en Frijheid, fjochterij, fagefjoer (2022).

Kening Redbad (boarne: Fryske Akademy)

As inisjatyfnimmer wurket it Frysk Museum gear mei partners út Dútslân oan it grutskalige útstallingsprojekt, dat lykop gean sil mei in edukatyf programma en in ynternetplatfoarm. Sintraal stiet de Fryske kening Redbad (<670-719). Hy wie in machtich, mar ek mysterieus figuer. Tal fan generaasjes hawwe him yn harren skiednisskriuwing hieltyd wer in oare rol tadield. Se basearren har benammen op skreaune boarnen. Dy binne yn de desennia nei syn libben op skrift steld troch net-Fryske skriuwers mei in dúdlike politike of religieuze aginda. Skreaune boarnen fan de kant fan Redbad binne der net. Nettsjinsteande dat is Redbad oant hjoed-de-dei in sintraal identiteitsfiguer foar de bewenners fan it Fryske Dútsk-Nederlânske grinsgebiet. Mei dit projekt wol it Frysk Museum dêrom de tiid en wrâld fan Redbad sa goed mooglik rekonstruearje.

Fryske wrâld yn de midsiuwen
It wichtichste ûnderdiel fan it projekt is de ynrjochting fan útstallingen yn it Frysk Museum yn Ljouwert (fan septimber 2026 ôf) en yn it Ostfriesischen Landesmuseum yn Emden (fan de maitiid fan 2027 ôf). Undersocht wurdt oft de útstalling dêrnei trochreizgje kin nei it Niedersächsischen Landesmuseum Natur und Mensch in Oldenburg (fan 2027 ôf). De útstallingen binne basearre op archeologyske, histoaryske en lânskipshistoaryske boarnen. It doel is om dy mei-inoar te ferbinen om de Fryske wrâld – yn geografyske sin – tusken 350/400 en 800 nei Kristus sa goed mooglik yn kaart te bringen.

Om de útstalling te finansierjen riede it Frysk Museum en syn partners op it stuit in Interreg-oanfraach ta. It Interreg VI-programma Dútslân-Nederlân is spesjaal opset foar projekten dy’t op de gearwurking yn it Dútsk-Nederlânsk grinsgebiet rjochte binne. Om de oanfraachproseduere tagonkliker te meitsjen, hawwe de Dútsk-Nederlânske Eurogio’s it saneamde ‘lytsprojektefûns’ (KPF) ûntwikkele. Tanksij dat fûns is it Frysk Museum by steat om de Interreg-oanfraach sa goed mooglik ta te rieden en yn maaie 2024 yn te tsjinjen. It projekt Redbad wurdt meifinansiere troch de Europeeske Uny en de programmapartners.

maart 3, 2024 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.