Ferbod op fiskjen helpt tsjin dolfinestjerte yn Golf fan Biskaje

maart 30, 2024 08:25

By de Frânske Golf fan Biskaje lâns spiele al jierrenlang grutte oantallen deade dolfinen oan. De dieren bedarje yn see yn fiskersnetten en reitsje dêryn fertize. Se kinne dan net mear nei it oerflak ta om te sykheljen, sadat se smoare. Fiskers smite de dieren ferwûne of dea yn see werom.

Wite dolfyn (foto: Wikipedia/SR EXR [eigen wurk] – publyk domein)

Dit jier hat it Frânske regear foar it earst in tydlik ferbod op fiskjen foar in beskate kategory boaten ynsteld. Dat ferbod jilde fan ein jannewaris oant ein febrewaris. En it docht bliken effekt hân te hawwen. It tal dolfinen dat yn dy perioade yn netten bedarre en dea oanspielde, is drastysk tebekrûn. Dat docht bliken út ûndersyk fan ynstitút Pelagis, dat oan de Universiteit fan La Rochelle ferbûn is.

Yn ’e winter fan 2022-2023 hie santich persint fan alle ûndersochte deade dolfinen spoaren fan ferwûningen troch fiskersnetten. By it ferbod op fiskjen ôfrûne winter hie mar fjouwer persint sokke ferwûningen. “It tal bisten dat yn fiskersnetten deagie is dus enoarm tebekrûn”, seit ûndersykster Hélène Peltier. De útkomsten binne in grutte stipe yn ’e rêch foar Frânske miljeu-organisaasjes. Dy kleie al jierren by de oerheid oer de dolfinestjerte foar de Frânske Atlantyske kust.

Alle winters spiele hûnderten deade dolfinen yn de Golf fan Biskaje oan. Ferline jier waard in ‘rekôr’ boekt. Doe einigen yn fiif moanne tiid hast 1500 deade dolfinen en dêroan besibbe dieren op ’e strannen en rotsen yn it gebiet. Dat binne tsien deis. En dat is noch mar it topke fan de iisberch. “As der tûzen dolfinen by de kust lâns oanspiele, dan binne der yn werklikheid 5000 oant 10.000 dea, want de measte sinke gewoan nei de seeboaiem”, leit biolooch Olivier van Canneyt fan undersykssintrum Pelagis út. Hy en syn kollega sprekke fan in jierliks weromkommend bloedbad.

Neffens rûzingen oerwinterje alle jierren sa’n 200.000 dolfinen yn ’e Golf fan Biskaje. De wettertemperatuer is dêr dan nammentlik matich en yn it gebiet swimme ek de fisken dy’t se frette. Mar dat binne faak deselde fisken dêr’t ek Frânske fiskers op ôf komme. En dy brûke geregeld netten dêr’t de dolfinen yn fertize reitsje. It ferbod op fiskjen fan in moanne sil de kommende jierren werhelle wurde.

maart 30, 2024 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.