Weitôge trouring troch keunstdong by eigener werom

maart 31, 2024 08:18

In man út Swifterbant dy’t trije moanne lyn syn trouring yn in keunstdongfabryk yn Noard-Brabân kwytrekke, hat him op in opmerklike manier wer weromkrige. In boer, ek yn Swifterbant, dy’t keunstdong útriden hie, fûn de ring op syn hiem en die in oprop fia sosjale media.

Foto: Omrop Flevolân

Luuk Hagting ferlear syn ring yn desimber op syn wurk yn in keunstdongfabryk yn Breda. “Ik hie mei de hannen yn ’e keunstdong sitten, ik skodde se ôf en doe seach ik dat myn trouring wei wie”, sei er tsjin Omrop Flevolân. Neffens Hagting moat syn sieraad doe yn ’e keunstdong fallen wêze. “Dy berch keunstdong is dêrnei yn grutte pûden troch hiel Nederlân ferspraat.”

Hy gie derfan út dat er syn ring nea wer weromsjen soe, mar krige him úteinlik nei in oprop op Facebook werom. Boer en plakgenoat Jan de Vries seach sneon op syn hiem in ring lizzen, en frege op sosjale media fan wa’t dy ring wie. Fia mienskiplike kunde kaam dy oprop by Hagting. De Vries tinkt dat it sieraad yn in masine hingjen bleaun is dy’t er brûkte om keunstdong oer syn lân út te struien. Hy tinkt dat de ring by it skjinspuitsjen fan de masine op it hiem fallen is.

Hagting en De Vries wenje fjouwer kilometer byinoar wei, mar koene inoar oant de fynst net. Hagting is bliid dat er syn ring werom hat. “Tige bysûnder dat de trouring hjir yn Swifterbant weromfûn wurdt!”

maart 31, 2024 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.