Europeesk Parlemint akkoart mei AI-wet

maart 23, 2024 08:17 Fernijd

De komst fan de Europeeske AI Act is in feit. It Europeesk Parlemint hat dermei ynstimd en earder al joegen de lidsteaten grien ljocht. De wet moat derfoar soargje dat der dúdlikere regels komme oangeande de grutste technologyske ûntwikkeling fan dit momint: keunstmjittige yntelliginsje (AI).

Foto: pixabay.com

It wetsfoarstel waard oannommen mei 523 stimmen foar, 46 stimmen tsjin en 49 ûnthâldingen. Oan de wet is jierren wurke en benammen tsjin de ein wiene de ûnderhannelingen yntinsyf. Der stiet in protte op it spul. De wet regelet wat ferbean is en hokker tapassingen fan keunstmjittige yntelliginsje oft wol tastien binne, al is dat ûnder strange betingsten. Dy tapassingen wurde as saneamde ‘heechrisiko’ fan AI sjoen. Te tinken falt oan systemen dy’t brûkt wurde foar it finen of selektearjen fan nije meiwurkers of AI dêr’t mei bepaald wurdt wa’t promoasje kriget. By opspoaringstsjinsten kin tocht wurde oan tapassingen dêr’t in risikobeoardieling fan in bepaald persoan mei makke wurdt. Of systemen dy’t brûkt wurde yn it feilichheidsbehear fan ferkear of bygelyks wetterbehear.

De ûnderhannelingen oer de wet binne ein ferline jier ôfrûne. Uteinlik is it langst praat oer de list fan ferbeane saken en de list fan saken dy’t wol meie. Op dat mêd ferskille de lidsteaten fan miening mei it Europeesk Parlemint. Dêr wie in stevige lobby fan Europeeske AI-bedriuwen foar, dy’t warskôgen dat te strange regels negative gefolgen hawwe soene.

Yn de wet sitte ek regels foar techbedriuwen. Dy brûke al jierren AI, mar bouwe hieltyd faker tapassingen mei saneamde taalmodellen, dy’t mooglik meitsje wat ChatGPT docht. Dy technology falt ûnder ‘general purpose AI’, systemen dy’t foar ferskate doelen brûkt wurde kinne. Foar de krêftichste systemen jilde ekstra strange regels. Makkers dêrfan moatte bygelyks hifkje oft harren modellen akkuraat binne en de grutste risiko’s ûnderfange. De wet wurdt nei alle gedachten yn maaie offisjeel publisearre, dêrnei wurde de regels yn fazen fan krêft. Regels foar de saken dy’t ferbean binne, jilde seis moanne letter. Yn maaie 2025 geane de regels foar techbedriuwen yn en de rest folget yn 2026.

maart 23, 2024 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.