EU iepenet kantoar yn Grienlân yn jacht op breanedige ierdmetalen

maart 19, 2024 08:13

De foarsitter fan de Europeeske Kommisje Ursula von der Leyen hat ôfrûne freed yn Grienlân in kantoar fan de Europeeske Uny iepene. De EU hopet sa te profitearjen fan de grutte hoemannichte ierdmetalen yn ’e boaiem fan it lân. Dy metalen binne fan krusjaal belang foar de griene enerzjytransysje fan de EU.

Pleatsen yn Grienlân (foto: Wikipedia/Tappert – CC BY-SA 3.0)

Yn EU-lidsteaten binne net folle grûnstoffen te finen en ek lestich om dy derút te heljen. Grienlân, in autonoom gebiet yn it Deenske keninkryk, is wol ryk oan mineralen en ierdmetalen dy’t de EU nedich hat en is dêrom fan grut belang foar Brussel. Neffens it Grienlânske regear hat it eilân 25 fan de 34 sochte mineralen yn ’e grûn.

Grienlân hat net de kapasiteit en de ynfrastruktuer om de grûnstoffen sels op te dollen. Om dy reden sleat de Europeeske Kommisje yn novimber ferline jier in partnerskip mei Grienlân foar it winnen fan de ierdmetalen. Trochdat it iis op Grienlân hieltyd mear teit, komme de ierdmetalen en mineralen bleat te lizzen en binne se hieltyd makliker op te dollen.

Konkurrinsje
Brussel is net de earste partij dy’t yn Grienlân ynvestearje wol. Sina, Ruslân en de Feriene Steaten binne al folle langer dwaande om harren ynfloed yn ’e regio te fergrutsjen. De Amerikanen hawwe in fleanbasis yn it noarden en in konsulaat. Yn 2019 besocht de eardere presidint Trump om it ûnbidige eilân fan Denemarken te keapjen. Sina en Ruslân wreidzje harren aktiviteiten yn it Noardpoalgebiet ek hieltyd fierder út. Grienlân kin op in protte belangstelling fan Sineeske steatsbedriuwen rekkenje, dy’t ynvestearje wolle yn ûnder mear mynbou en poalûndersyk. Om’t de Feriene Steaten meisjogge oer it skouder fan Denemarken, dat noch altyd it lêste wurd oer de Grienlânske bûtenlânske polityk en definsjesaken hat, is der noch net folle fan de Sineeske plannen telâne kommen.

Spanningen Grienlân en Denemarken
De besite fan Von der Leyen komt op in momint dat de relaasje tusken Grienlân en Denemarken spand is. De rop om ûnôfhinklikheid groeit op it eilân, benammen ûnder jongelju. Ferline jier presintearre it Grienlânske regear in earste ûntwerp foar in grûnwet. Earder dizze moanne klage in groep Grienlânske froulju Denemarken oan foar de ferplichte antykonsepsje yn de sechstiger en santiger jierren. It Deenske regear woe sa de befolkingsgroei yn Grienlân tebekkringe, omdat it bang wie dat ynwennertal te fluch groeie soe.

Grienlân telt mar 56.000 ynwenners, dy’t foaral by de kust lâns wenje. It grutste part fan it lân is mei in tsjokke laach snie en iis bedutsen.

maart 19, 2024 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.