Enerzjy fan, foar en troch de Friezen mei lokale enerzjyhubs

maart 21, 2024 08:14 Fernijd

Enerzjyhubs kinne in positive bydrage leverje oan de Fryske enerzjytransysje. Dat is de wichtichste útkomst fan it ûndersyk fan FREON en provinsje Fryslân nei Local4Local energiehubs. Deputearre Steaten sille, yn ’e mande mei gemeenten en lokale partijen, oan ’e slach mei de útkomsten fan it ûndersyk.

Foto: Provinsje Fryslân

It ûndersyk makket dúdlik dat der mooglikheden binne foar it produsearjen fan betelbere enerzjy mei lokale, Fryske partijen. Mei enerzjyhubs kin de beskikbere netkapasiteit effisjinter brûkt wurde en netkongestje ferlichte wurde en it smyt in stabilere en legere enerzjypriis op. De ferkenningen jouwe ek oan dat mei enerzjyhubs alle jierren sa’n 50 oant 100 miljoen euro minder oan enerzjykosten út Fryslân wei floeie.

Deputearre Sijbe Knol: “Wy sjogge in soad problemen op it enerzjynetwurk, dus der moat wat barre. Neist de útwreidingen fan it elektrisiteitsnetwurk moatte we ek op in tûke wize sjen nei fraach en oanbod fan enerzjy. Dat sille we de kommende tiid ferkenne. Dan sjogge we ek nei it stimulearringsprogramma fan 166 miljoen fan minister Jetten sjogge om saken mooglik te meitsjen.”

Yntinsive gearwurking
Nei oanlieding fan de oannommen moasje yn PS is der ferline jier yntinsyf gearwurke troch de provinsje en it FREON-konsortsium, dêr’t de dielnimmers oan de Fryske Enerzjy Tafel en de Fryske Enerzjy Alliânsje ek by belutsen wiene en netbehearder Liander advisearre hawwe. It konsept fan in enerzjyhub is folop yn ûntwikkeling. It basisidee is dat enerzjyfraach en -oanbod yn de foarm fan gas, waarmte en elektrisiteit yn in enerzjyhub lokaal opinoar ôfstimd wurde. Underskiedend yn it ûndersyk is dat dy hubs (foar in grut part) yn lokaal eigendom binne: in Local4Local energiehub.

Kânsen en knyppunten
Hoewol’t de ûndersikers kânsen sjogge foar Local4Local energiehubs, binne der ek noch knyppunten. Sa is it noch net mooglik om bepaalde kontrakten ôf te sluten mei de netbehearder en kin in netbehearder gjin projekten mei in maatskiplike mearwearde heger op de wachtlist sette. Mar der binne ek mooglikheden. “Wy sjogge bygelyks kânsen foar enerzjyhubs by de gruttere bedriuweterreinen fan Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean en Snits,” seit Knol.

Koöperaasjefoarsitter Frans Veltman fan FREON is wiis mei de slachfeardigens fan Deputearre Steaten: “Troch mei-inoar oan ‘e slach te gean, kinne we úteinlik folslein selsfoarsjennend wurde. FREON wol yn ‘e mande mei bedriuwen, ynstellingen en boargers yn ferskate gebieten én yn oerlis mei de oanbelangjende gemeenten en Liander foarbylden útwurkje fan hoe’t in enerzjyhub yn dat gebiet derút sjen kin.”

Lês it rapport fan FREON.

maart 21, 2024 08:14 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.