Eksposysje ‘Stilstean by koroana’ yn it provinsjehûs

maart 12, 2024 08:17 Fernijd

Yn it provinsjehûs yn Ljouwert is oant en mei 16 april in bysûndere lanlike eksposysje te sjen. Kommissaris fan de Kening Arno Brok, ek foarsitter fan it Landelijk Comité Stilstaan bij Corona, hat de útstalling ferline wike woansdei iepene, tegearre mei Michel Krol fan It Fryske Gea, waans Fryske ferhaal oan de eksposysje taheakke is.

Foto: Provinsje Fryslân

De koroanagoarre hold de wrâld fan 2020 ôf hast twa jier yn ’e greep. It firus skuorde, yn Nederlân ek, de mienskip út syn ferbân en soarge foar ûnwissens en ferlies fan dierberen. It Nationaal Comité Stilstaan bij Corona jout, yn opdracht fan steatssekretaris Van Ooijen fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport, ynfolling oan in nasjonaal stilstean by wat de koroanakrisis foar Nederlân betsjutte. Dêr ûntwikkele it komitee de eksposysje Stilstaan bij corona foar, dy ‘t troch alle provinsjes en Karibysk Nederlân reizget. No dus yn Fryslân.

Yn de eksposysje steane goed fjirtich bekende en ûnbekende Nederlanners stil by de gefolgen fan koroana foar ien yn harren omjouwing. Dat kin it missen fan in neiste wêze, in noch ûnwisse takomst foar in ûndernimming of persoanlike sûnensklachten troch longcovid.

Baukje Haarsma (foto: Provinsje Fryslân)

Pizza op ’e heide
Elkenien dy’t de eksposysje sjocht wurdt meinommen werom yn ‘e tiid. Sa is der bygelyks in foto fan in natuergebiet fan It Fryske Gea dat te krijen hie mei it tanimmen fan oantallen besikers dy’t de natuer as taflechtsoarde seagen. Guon dêrfan bestelden sels pizza op de heide. Fierder it ferhaal fan Baukje Haarsma fan hoarekaûndernimming In de Brouwerij yn Ljouwert, dy’t flak foar de krystdagen har saak wer slute moast. By in fraachpetear yn EenVandaag barste se yn triennen út.

By wa steane jo stil?
De sintrale fraach yn de eksposysje is: by wa steane jo stil? Mei dy fraach steane Nederlanners mei-inoar stil by koroana, mei in ferhaal oer ien dy’t yn de pandemy de measte yndruk op him of har makke hat. In ferhaal oer in oar dus. By de ferhalen hearre foto’s út de koroanajierren dy’t yndruk meitsje. De eksposysje nûget elkenien út om sels in ferhaal ta te heakjen.

De eksposysje Stilstean by koroana is fan 6 maart oant 16 april te sjen yn it provinsjehûs yn Ljouwert. Iepeningstiden: moandeis o/m tongersdeis fan 8.30 – 20.00 oere en freeds fan 8.30 – 17.00 oere.

maart 12, 2024 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.