Doede Wiersma: O heden, in frijheidstrider dy’t gûlt …

maart 17, 2024 07:00 Fernijd

Oertinking

Wês mar earlik, sokke typen as Simson sprekke ta de ferbylding. Wat hiene wy as bern direkt nei de oarloch in earen nei de sterke ferhalen fan it ûndergrûnske ferset!
De minsken yn Jezus’ dagen harken graach nei de ferhalen oer de frijheidsstrider Judas de Makkabeeër. Soe Jezus sels ek sa’nien wêze? Doe’t Er fan de Oliveberch – it útgongspunt fan de Messias! – op wei nei Jeruzalem gie, doe rekke de hiele stêd yn ûnstjoer.
Alle yngrediïnten foar in revolúsje wiene oanwêzich, soe men tinke.
Mar o heden: “Doe’t Er tichterby kaam, seach Er de stêd foar Him en skriemde om har.” Jezus sit op ’e ezel te gûlen! Net sterk foar in lieder om dat yn ’t iepenbier te dwaan.

Wêrom skriemde Jezus? Neffens Lukas om’t de stêd net begrypt wat frede ynhat (Lukas 19:42). Jeruzalem soe in boarne wêze moatte fan in alles en elkenien omfiemjende sjaloom. Om dy frede op te heljen, om ta dy sjaloom besiele te wurden, giene de minsken trije kear yn ’t jier op pylgerreis nei Jeruzalem. As it wer safier wie, dan klonk yn de doarpen de oprop: “Wy geane nei it hûs fan de Heare.” De dichter fan Psalm 122 is bliid as er dy rop heart. Syn advys is: “Bid om frede foar Jeruzalem!”
As dy frede yn foarried is, kinne de pylgers har de bûsen dermei fol tropje. “Ik ha de bûsen wer fol,” sei in frou yn Wommels wolris nei in tsjerketsjinst.
Jezus hat syn libbensgong ferbûn mei Jeruzalem. Mei de stêd dêr’t Israel hinne pylgeret om syn feesten te fieren. Mei de stêd fan de timpel, dêr’t God wenje wol, “de stêd dy’t heech leit, sichtber is, dy’t in geheim fan it ûnsichtbere yn him draacht en dan Sion hjit” (J. M. Hasselaar).
Jezus wol dat it ideaal (Sion) trochkringt yn de werklikheid (Jeruzalem). Mar wa sit dêrop te wachtsjen?

Lêze: Lukas 19:41-44
Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Op de thússide: Yntocht yn Jeruzalem (mozayk yn de Cappella Palatina, Palermo)

maart 17, 2024 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.