Doede Wiersma: Learlingen fan Jezus moatte ek noch leare

maart 3, 2024 07:00

Oertinking

Doe’t ik sa’n acht, njoggen jier wie, krige ús mem MS, in sykte dêr’t se alhiel oan ferlamje soe. Doe wiene der ‘broeders’ dy’t seine dat dy sykte in straf op sûnde yn ús famylje wie!

Jezus en syn learlingen binne ûnderweis. Jezus sjocht in bline man. De eagen fan ’e learlingen geane mei dy fan Jezus deselde kant út en se tinke: Hm, in bline man. Harren reaksje is net: Wat freeslik foar dy man! Wat ferskriklik dat er neat sjocht. Nee, se toane gjin meilijen, neat. Yn stee dêrfan freegje se oan Jezus: “Wa hat ferkeard dien, dy man of syn âlden, dat hy blyn berne is?”
Wat in aaklike fraach! Net te hoopjen dat de bline it oanhearre moast, lykas ús mem. Dan hat men alles tsjin en kriget men God ek noch tsjin?
It antwurd fan Jezus, dat is geweldich! Hy seit: “Dy man hat net ferkeard dien en syn âlden likemin.” Ik fiel dêryn dat Er Him lilk makket, dat Er tinkt: Grutte stomkoppen, hoe komme jimme derby!
Om dát antwurd, om dát byld fan God dat dêryn besletten leit, bin ik net ôfheakke, mar krektoarsom dominy wurden. Sa’n God woe ik graach in goed wurdsje foar dwaan.
Mar hoe is it yn ’e wrâld mooglik dat minsken, nei dat antwurd fan Jezus, ek no noch sykte en handicaps sjen wolle as straf fan God? Wolle se dan net fan Jezus leare?
Ik kin it net oars sjen as dat wrede minsken graach driigje mei in wrede God. Nei 55 jier fiel ik noch de pine om’t minsken de sykte fan ús leave mem as straf op ’e sûnde seagen.
Omdat Jezus sei: “Sy en har famylje hawwe neat ferkeards dien,” kin Hy it by my noait wer bedjerre.

Lêze: Johannes 9:1-7
Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.
Skilderij op de thússide: Duccio di Buoninsegna (± 1255-1319), De genêzing fan in bline (Maestà)
maart 3, 2024 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.