Bysûndere útfiering en petear oer ‘De rebelse lusthof‘ yn Frysk Museum

maart 1, 2024 08:17

Op sneintemiddei 17 maart, de lêste dei fan de útstalling Seeds of Memory, presintearret it Frysk Museum in eksklusyf programma oer it wurk ‘De rebelse lusthof’ fan Mercedes Azpilicueta.

Mercedes Azpilicueta (foto: Marcel de Buck)

Frou Azpilicueta makke dat metersgrutte tapyt foar de byldzjendekeunstútstalling Paradys yn Oranjewâld, ûnderdiel fan kultuertriënnale Arcadia. Presintator Rosie Reith giet yn petear mei ferskate belutsenen by de ûntwikkeling fan dat mânske projekt, ûnder oaren mei kurator Hans de Hartog Jager, ûndersyksassistint Laura Kneebone, konservator Judith Spijksma en de keunstner sels. As ynlieding op dat petear lêst kurator en skriuwer Angeliki Tzortzakaki in fragmint foar út in tekst dy’t se oer ‘De rebelse lusthof’ skreau.

Nei it petear lit frou Azpilicueta op de finissaazje foar it earst in útfiering sjen dy’t se spesjaal foar de útstalling ûntwikkele. Mei útfierders út binnen- en bûtenlân bringt se dêr ‘De rebelse lusthof’ yn ta libben. De feestlike ôfsluting biedt in unike kâns om de útstalling noch in lêste kear te besjen.

De tagong ta it petear en de útfiering kostje byinoar fiif euro, mei kofje en tee ynbegrepen, eksklusyf museumyntree. It programma begjint om 14.30 oere en duorret oant 16.30 oere. Men kin in kaartsje reservearje of mear ynformaasje fine op www.friesmuseum.nl/finissage.

‘De rebelse lusthof’ fan Mercedes Azpilicueta (foto: Ruben van Vliet)

maart 1, 2024 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.