Briefkje (109): Wêr bin ik bedarre?

maart 26, 2024 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief fan ferline wike.

Bêste Ed,

Do neamdest yn dyn brief fan ferline wike dat we by ‘oare ienheden’ it inkeldtal brûke as der in getal foar stiet. As foarbylden joechst: trije mingel, tsien kilo en hûndert euro. Dêr wol ik graach noch wat mear fan witte.

By mjitten en gewichten en by ienheden fan tiid en jild komt dat in soad foar, yn it Hollânsk ek, mar net by allegearre. By minuten en dagen bygelyks brûke we it meartal wol. Foarbylden: “dat duorret trije oere en santjin minuten; oer fiif dagen is it Peaske.” Yn de tiid dat we noch mei gûnen betellen seine we wol: Ik krij noch trije gûne fan dy, mar net trije dûbeltsje en trije kwartsje. Doe koarten we dat faak al ôf: ‘trije gûne tweintich’ sa’t dat tsjintwurdich wenst is: ‘twa euro tsien’. Sinten, stuorkes en dûbeltsjes lykje net mear te bestean en kwartsjes binne der net mear. De fraach is: by watfoar ienheden brûke we it inkeldtal en by watfoar it meartal? Is dêr in regel foar of fiele we dat oan?

Dat oanfielen bringt my op in oare kwestje. Yn teksten dy’t út it Hollânsk wei oerset binne, sjoch ik faak dat ‘terechtkomen’ oerset wurdt as ‘telâne komme’. Foar myn gefoel kin dat net altyd. As der stiet ‘Hy kaam yn Snits telâne’, dan hâldt dat foar my yn dat er dat net fan doel wie. Hy belâne dêr by tafal of by fersin. Ik ferlykje it mei yn ’e sleat of yn de finzenis telâne komme; dat is net ien fan doel. Ik soe it ek net mei ‘terjochte komme’ oersette, mar mei ‘oankomme’. Dus: hy kaam yn Snits oan. Doe wie er teplak, dêr wie er terjochte. Ik soe terjochte hjir net mei komme ferbine. Yn oare gefallen wol: hy is goed terjochte of teplak kommen, mar dan giet it net oer earne oankommen wêze, mar oer in posysje, in betrekking krigen hawwe. Yn telâne komme en belânje sit wat ûngeunstich, wat negatyfs. Bedarje hat dat ek wol wat.

Wat tinkt dy, is myn redenaasje goed (neffens de regels)? Of is it myn persoanlike taalgefoel, dat fansels yn ’e rin fan de jierren troch foarbylden foarme is. As in oar, mei in oar of gjin referinsjeramt, dat sa net fielt, kinne minsken nuver byinoar lâns prate. Se brûke deselde wurden, mar bedoele net itselde. By belânje stiet yn it wurdboek Belanden, terechtkomen. Dat liket derop dat myn taalgefoel en myn redenaasje net doocht. Ik bin benijd nei dyn oardiel.

Mei freonlike groetnis,

Jan

 

maart 26, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.