Briefkje (108): Kultuerferskil

maart 19, 2024 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn foarige brief.

Bêste Jan,

dat wie in nijsgjirrich brief, ferline wike, en ik wol dy graach útlizze watfoar nijsgjirrichs oft ik deryn lêzen haw. It idiomatysk ferskil tusken de Hollânske wurden zonde/schande en de Fryske skande/sûnde sit net allinnich yn myn taalgefoel, want do joust dat ek oan. Dêrom fiel ik my stipe en wol ik noch in stapke fierder gean en ornearje dat der sprake is fan in kultuerferskil. Der binne ek persoanlike ferskillen (mooglik ek groepsferskillen), mar dy lizze mear op it nivo fan de gradaasje yn gefoelswearde. Sûndigje (zondigen) tsjin in foarnimmen is miskien wol spitich (jammer), mar perfoarst gjin sûnde of skande (schande of zonde). Ik doar te sizzen dat dy gradaasjeferskillen yn it Hollânsk suver gelyk binne oan dy yn it Frysk. Yn it Dútsk wurdt schade brûkt foar spitich; ik kom dêrop om’t dat wurd ek in ôfswakking is fan de betsjutting skea (Schaden). Alwer in kultuerferskil en in gradaasje yn gefoelswearde. Do warskôgest foar misferstannen. Mei rjocht, soe ik sizze, want der wurdt op ’t heden praat oer ûngemakken yn de wege- en huzebou dy’t mooglik feroarsake wurde troch taal- en ynterpretaasjeferskillen. It feit dat meiwurkers (we hawwe it langer net mear oer arbeiders, wol ’k leauwe) by (grutte) bouprojekten ferskillende talen prate, soe liede kinne ta misbegryp en dêrmei ta ûngemakken. ‘Ach zur Schande’, soe ik op syn Dútsk útroppe wolle, want soks liedt ta skea en fertriet. It is mar oppassen mei ynterferinsjes en dy dogge har net allinnich foar tusken it Frysk en it Hollânsk.

By dyn twadde ûnderwerp, ‘een aantal keer/keren’ sjoch ik ek kultuerferskil. Frysk taaleigen is ‘alle kearen’ en net ‘eltse/elke kear’. Dêr ferskynt dat meartal yn ús taalgefoel. Mar by in oantal – en neam dan mar in telwurd, brûke we it inkeldtal. Sa is dat ommers ek by oare ienheden: trije mingel, tsien kilo of hûndert euro. De oantsjutting stikmannich ferwiist nei losse ienheden, dingen dus: kilo’s, euro’s (munten) en by mingels ek wol amerfollen. De oantsjutting ‘kear’ sil foar it meast net yn it meartal foarkomme, útsein yn ‘alle kearen’ dus. It is goed om dy ynterferinsje te kearen, om dyn wurdgrapke nochris te brûken. ‘In stikmannich kearen’ heart my ûnfrysk yn ’e earen en dyn oplossing ‘in kear as wat’ is fansels folle eigener; ‘in kearmannich’ soe ek kinne.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

maart 19, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Jaap maart 19, 16:00

    It ferskeel tusken taal, dialekt en idiolekt hat Ed it oer, tink.

    No’t ik der dochs oer begjin, hoe sit dat, Ed en Jan? Wy kinne wol in skeel hawwe, mar as ik ferskeel/ferskelen sis of skriuw, falle guon mei de hiele hûd oer my hinne.
    Bin ik konsekwint of bin ik mis? Witte jimme dat?(dêrom net, Ed, ynstee fan ‘ferskillende’ soe ik ‘ferskeidene’ brûkt hawwe)

    En… uh, kin ‘withoefolle kear’ ek?

  2. G. Skilstra maart 20, 08:21

    ‘Ferskeidene’ is by my in hollânisme. Ik soe ek ‘myn foarich brief’ brûkt hawwe en net ‘foarige’ as ik leaver útgean fan ‘it’ brief (distânsjemotyf) en net fan ‘de’.

  3. HE maart 20, 09:34

    Ferskeel is nij foar my en ek Frysker wit him dêrmei gjin ried, mar wy wolle gjin skeel ha om sa’n ferskil[tsje].
    Ynstee fan ferskeidene kinne jo ek, en miskien wol better ferskate brûke, neffens my.
    En wat skande oanbelanget; it is fansels skande as jo in bakje kofje of glês bier knoffelje litte, mar it is gjin skande. Jo hoege jo der net [bot] foar te skamjen, soks bart ommers eltsenien wolris. It is wat oars as jo immen in poat útlûke, soks is in skande en dêr soene jo jo bot foar skamje moatte as jo jo sels Fries neame, dy binne ommers rjocht en sljocht….

  4. Ed maart 20, 19:27

    Ja Jaap, ik haw kultuerferskil hiel rom opfette; der binne ommers in hiel soad kultueren: bestjoerskultuer, klupkultuer, bedriuwskultuer ensfh. Dat haw ik oersljochte en dêrmei ek de statusferskillen tusken talen en taaltsjes (-lekten).
    It kin in protte lju miskien near skele (skille?), mar (fer)skil en (fer)skeel hawwe in protte faninoar. Hoe’t dat etymologysk sit, wit ik net.
    In kear of wat heart neutraler as withoefolle kear. Binne wy it deroer iens dat withoefolle kearen net doocht?
    It ferskil tusken ferskate en ferskillende hawwe Jan en ik it alris oer hân.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.