Briefkje (107): Gefoelswearde

maart 12, 2024 08:48

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn lêste brief.

Bêste Ed,

Do sleatst dyn brief fan ferline wike mei in fraach ôf: “Of bin ik dêr mis mei?” Dy fraach sloech op it idiomatysk ferskil tusken it Hollânske zonde/schande en it Fryske sûnde/skande. Mei oare wurden: hawwe dy wurden yn it Hollânsk in oare betsjutting as yn it Frysk?
Ja, dat ferskil is der neffens my wol. Do hast it sels al útlein: by in ûngelok(je) sizze se yn it Hollânsk: “wat zonde” en yn it Frysk wol: “skande”, beide bedoeld as: it is spitich. Yn myn bernetiid hearde ik oaren yn dy betsjutting wol skande brûken, mar wy seine: “it is in griis.” Foar myn gefoel wie it dan net sa hiel slim.
It binne allegearre wurden dy’t ek oare betsjuttingen hawwe. Wy kenne griis as kleur, mar as we it brûke yn de betsjutting fan spitich, dan komt it fan ôfgryslik, wat foar myn gefoel slimmer is: earne fan grize, der in ôfgriis fan hawwe. Skande kenne we as as ûneare. Dêr moat men jin foar skamje. Dan hat men wat skandalichs úthelle: ‘it is in skande’. Dan is it folle slimmer as spitich. Dy’t skande brûkt foar it is spitich, dy mient it net sa slim as dat it beskamsum is. Sa sit it ek mei it Hollânske zonde. Dat wiist yn it foarste plak op it jin net oan de (godlike) wet hâlden. Dêr folget straf op, mar it kin ek ferjûn wurde. As dat yn it Frysk sein wurdt yn de betsjutting dat it spitich is, dan is der tink sprake fan ynterferinsje, want dat heart net ta ús taaleigen. Dan sil tink sonde en net sûnde sein wurde. Yn beide talen binne der gradaasjes fan zonde/sûnde en dus ek fan straffen. Ien dy’t him ris in kear net oan syn dieet hâldt, kin sizze: “Deze keer zondig ik”, mar hy wit dat it wol wat lije kin en dat er gjin straf riskearret. As wetten en foarskriften swier wage is it skeinen dêrfan slimmer en dus de gefolgen ek. Al dy gradaasjes by it brûken fan de wurden dêr’t we it no oer hawwe, wurde wol yndividueel ferskillend oanfield en útlein. Dat makket ek dat der maklik misferstannen troch ûntstean kinne. Taal is no ienkear gjin wiskunde. It makket ek dat we der foarsichtich mei omgean moatte en taksearje watfoar gefoelswearde in oar oan ús wurden takent.

Ferline wike lies ik earne “een aantal kear” en in lyts eintsje fierder “verschillende keren”. Wy hawwe it der faker oer hân dat ‘een aantal’ en ‘in tal’ neatsizzend binne: it kin op in bytsje en op in soad slaan. It giet my hjir om de fraach wannear is it kear en wannear kearen? Ik mien te observearjen dat yn it Hollânsk gauris keer sein/skreaun wurdt, dêr’t ik keren ferwachtsje. Dat is dan sa’n taalferskowing dy’t net op te kearen is. Soene wy sizze kinne: “Ik haw al in stikmannich kear nei dy útsjoen”? Ik tink dat we dan “in kear of wat” sizze. Hasto dêr in antwurd op?

Mei freonlike groetnis,

Jan

maart 12, 2024 08:48
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Lútsen maart 12, 09:37

    De ûntfrysking fan ús taal fyn ik skande en tagelyk in skande.

  2. Ed maart 13, 20:00

    Dat hast moai sein, Lútsen.
    It stik fan Jan Breimer ferklearret hoe’t it mooglik is datst it sa kryptysk en betsjuttingsfol sizze kinst.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.